De Ried fan de Fryske Beweging set har yn foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer.
Understeand in oersjoch fan saken der’t de Ried op’t stuit mei dwaande is.

Rinnende saken

  • Dútslân wol mear Europeeske aksje foar minderheidstalen
    De grutte hantekeninge-aksje foar in gearkomste oer minderheidstalen yn it Europeesk Parlemint hat no al fertuten dien. It Dútske parlemint ...
    Publisearre op 28-11-2020
  • Yn Memoriam Renze Valk by Buro de Vries
    De ferline wike ferstoarne Renze Valk bodde lange jierren foar it Frysk. Meastentiids wie dat efter de skermen. Moarn komme ...
    Publisearre op 14-11-2020
  • Fernijde poarte nei it Frysktalige web iepen
    Trochstart Startside.frl De Ried fan de Fryske Beweging set in fenijde poarte nei Frysktalige websiden iepen: op Startside.frl wurdt it ...
    Publisearre op 14-11-2020
  • Yn oantinken oan Renze Valk (1937-2020)
    Troch Jabik van der Bij Fryslân hat in iuwenlange tradysje as it giet om ûnderwiisminsken dy’t har ynsette foar it ...
    Publisearre op 13-11-2020
  • Renze Valk ferstoarn
    ...
    Publisearre op 09-11-2020
  • Stân fan saken rjochtsaak tsjin Waadhoeke – 4 novimber 2020
    Ynstjoerd Lykas bekend fier ik (mei help fan de Topografyske Wurkgroep Fryslân) in beropssaak tsjin de gemeente Waadhoeke, omdat dy ...
    Publisearre op 05-11-2020
  • Ministers oer it Frysk
    Yn syn lêste nijsbrief RIEDF-20006-Nieuwsbrief 4-lr hat de Ried fan de Fryske Beweging omtinken jûn oan de Bestjoersôfspraak Fryske taal ...
    Publisearre op 31-10-2020
  • Fryske Beweging trunet provinsje oan om simmerskoallen Frysk mooglik te meitsjen
    De Ried fan de Fryske Beweging hat in brief oan de Provinsje Fryslân skreaun, dêr’t de Ried de Provinsje yn ...
    Publisearre op 29-10-2020
  • It Frysk yn De Haach
    Is der yn tiden fan koroana ek noch omtinken foar it Frysk yn De Haach? Ut it nijste nijsbrief fan ...
    Publisearre op 27-10-2020
  • Nij nûmer tydskrift DE NIJE leit yn ’e winkels
    Mei yngong fan it wykein fan 24/25 oktober leit de nije DE NIJE wer yn de boekhannels, tydskriftewinkels en supermerken ...
    Publisearre op 26-10-2020
  • Jiersferslach Ried Fryske Beweging wurdt sûnder folsleine bestjoersgearskomste fêststeld
    It jierferslach fan de Ried fan de Fryske Beweging wurdt ornaris yn in jiergearkomste mei fertsjintwurdigers fan oansletten organisaasjes (ek ...
    Publisearre op 25-10-2020
  • Plombrief foar Jangerben Mulder
    Jangerben Mulder fan Nijhoarne hat fan de Ried fan de Fryske Beweging in saneamde ‘plombrief’ krigen. Dy stjoert de beweging ...
    Publisearre op 08-10-2020
  • Stân fan saken rjochtsaak tsjin Waadhoeke
    Ynstjoerd Lykas bekend fier ik (mei help fan de Fryske Topografyske Wurkgroep) in rjochtsaak tsjin de gemeente Waadhoeke, omdat dy ...
    Publisearre op 08-10-2020
  • Primeur: alderearste ynter-Fryske app ‘Frisian keyboard’
    De Jongfryske Mienskip/Jungfräiske Mäinskup (JFM) stipet as earste Fryske organisaasje de ynter-Fryske app ‘Interfrisian Keyboard’. De app is troch ferieningslid ...
    Publisearre op 07-10-2020
  • JFM jout advys oan programmakommisjes politike partijen
    De Jongfryske Mienskip hat in spesjale struier foar de programmakommisjes fan de lanlike politike partijen makke. Mei dy twatalige struier ...
    Publisearre op 05-10-2020

Oer de Ried

De Ried fan de Fryske Beweging is de belange-organisaasje foar minsken dy’t wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar mear romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje. It is in stifting, dêr’t ferskate  organisaasjes by oansletten binne. In oersjoch fan dy organisaasjes stiet op Oer ús.

De Ried wurket mei in deistich bestjoer en in stikmannich wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Foar in part strike de aktiviteiten fan de Ried mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.

Foar fragen en opmerkings kinne jo maile nei ynfo@fryskebeweging.frl. Of folje it formulier ûnder Kontakt yn. Wy besykje jo berjocht sa fluch as mooglik te beäntwurdzjen.

Stypje ús

Jo kinne ‘stiper wurde’ fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dat binne jo al foar € 25,- it jier. Jo krije dan ús blêd ‘Swingel’ fergees tastjoerd. En jo kinne meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk. Jou jo hjir op.