De doelstelling dizze wurkgroep is om fan sosjaal-ekonomysk eachpunt út de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen en dêr't dat mooglik is, op dit mêd de foarstap te nimmen. Dêrby is der yn it bysûnder omtinken foar de leefberens op it plattelân fanwege de relaasje mei it yn stân hâlden fan de Fryske taal.
De wurkgroep docht dit troch:
Neigean fan, yn te sprekken op en te reagearjen op nota's en oare beliedsstikken fan it ryk, de provinsje en oare oerheden, benammen as dy gefolgen ha foar it karakter fan de fryske mienskip, de taal, de kultuer, it beskikbere arbeidsoanbod en de wurkgelegenheid.
It opsetten fan in netwurk yn de Ried foar it registrearjen fan bedriuwen, ynstituten en organisaasjes dy't geregeld it Frysk aktyf brûke, om dêr fan in wytboek gear te stallen, by te hâlden en te publisearen.
It meiwurkjen oan en de koördinaasje fan de saaklik-finansjele opset fan de tarieding en yn produksje bringen fan in selskipspul foar en oer lytse taalgebieten yn Europa yn'e mande mei de YKK.
Politike wurkgroep
Doelstelling is mear omtinken te berikken foar in leefber Fryslân en foar de Fryske taal en kultuer yn de lanlike en regionale polityk. Neist it by gelegenheden jaan fan ynformaasjes en advizen oan folksfertsjintwurdigers en bestjoerders sille yn 2006 gjin op dit stuit konkrete produkten levere wurde. Aktiviteiten sille almeast ad hoc oppakt wurde.
Wurkgroep audiofysuele media
De Ried fan de Fryske Beweging hat him foarhinne it meast rjuchte op ynstânsjes en ynstellingen foar it befoarderjen fan it brûken fan de Fryske taal. No't der by dy ynstânsjes en ynstellingen al it ien en oare berikt is en der fierder op it mêd fan it Frysk in protte mooglik is, is it oan de individuele Friezen sels dêr mear mei te dwaan. Se moatte har bewuster wurde fan de wearde fan harren taal. By in protte jonge âlders bestiet de misfetting dat it foar harren bern better is om se allinnich mei it Hollánsk grut te bringen. Om dy misfetting wei te nimmen en dy âlders (en de twifeljende âlders) bewust te meitsjen fan it belang fan de Fryske taal foar harren bern, kin op dit mêd begûn wurde mei it ûntwikkeljen fan in Frysktalige CD of DVD mei in oantreklike en oansprekkende (ferhaal)ynhâld, dy't op in gaadlik momint oan jonge âlders útrikt wurde sil. Alders dy't wol bewust binne fan de wearde fan it Frysk wurde mei de ynhâld fan de CD of DVD fuortsterke yn harren miening.
De wurksumheden fan de wurkgroep besteane út it:
Neigean wat der as tekst ( taljochting, ferhaaltsjes, lietsjes), lûd (ferhaaltjes, lietsjes) en byld (video) op opnommen wurde kin/moat en dat op in oansprekkende wize útwurkje (litte); ek op it omslach. Faaks sil in psycholooch en/of in reklame-saakkundige der by belutsen wurde moatte;
Neigean wat der op dit of soartgelykens mêd oan brûkber materiaal al oanwêzich is;
Utsykjen wat it gaadlikste momint fan it oerlangjen oan de âlders is (mooglik by de berte fan in bern);
Utfinen op hokker wize de CD of DVD it bêste ûnder de minsken brocht wurde kin;
Rûzen fan it tal eksemplaren dy't jierliks sawat nedich binne;
Ynformearjen nei de kosten fan it meitsjen fan sa'n CD of DVD en fan de jierlikse kosten fan it fermannichfâldigjen en it fersprieden yn it winske tal ;
Besjen oan hokker ynstellings it meitsjen en it fermannichfâldigjen en fersprieden opdroegen wurde kinne.
It boppesteande is moat liede ta it folgjende produkt:
In oantreklike en oansprekkende CD of DVD (mei bygl. teksten, lietsjes, ferhaaltsjes en filmkes) ûntwikkelje om jonge âlders bewust te meitsjen fan de wearde fan de Fryske taal foar harren bern.
Wurkgroep Topografyske Nammen
Dizze wurkgroep sil yn 2009 trochgean mei it neiswyljen en it ynheljen fan de lêste opperkes fan guon produkten dêt't sy foarhinne oan wurke hat. Dat docht hja troch:
Ynstânsjes/ynstellings der op te wizen om plaknammen bij de tiid te bringen.
Bedriuwen/ynstellings mei de namme 'Friesland' oan te trunen om dy namme bij de tiid te bringen.
De Fryske plaknamme boppe-oan op de kûmbuorden te krijen. Sa komt der in foarm fan standerdisaasje. De gemeenten dy't de Fryske plaknammen op 'e kûmbuorden noch net boppe-oan hawwe, kinne sa in stapke sette op 'e wei fan it eigenmeitsjen fan Fryske plaknammen.
Der foar te soargjen dat it "Ynlisfel oer it brûken fan it Frysk yn ferienings" op mear plakken te plak komt.
Wurkgroep taaldiskriminaasje
Meldpunt Taaldiskriminaasje:
It weinimmen fan behinderingen foar it brûken fan it Frysk dy't en dêr't dy har foardogge, is de doelstelling. Dêr't dat doel hat, wurket de Ried op dit mêd gear mei Centum Tûmba (Anti Discriminatie Bureau Fryslân). Dat liedt ta it produkt:
19. It yn stân hâlden fan in 'Meldpunt Taaldiskriminaasje' dêr't men him oppenearje kin, en dat yn aksje komt om de behindering wei te nimmen. Yn oerlis mei dejinge dy't klaget, wurdt de klacht en - sa mooglik de oplossing - publisearre;
De doelstelling is ynformaasje útwikselje en oerlizze mei fergelykbere kulturele minderheden as de Fryske, yn Europa bûten Nederlân, om elkoar te helpen en te stypjen by it opsetten en útfieren fan plannen ta it yn stân hâlden fan de taal en kultuer en it fuortsterkjen fan de materiële betinksten dêr foar.
Dêrneist wol de wurkgroep de kennis oer en de kontakten tusken taalminderheden propagearje en popularisearje en it brûken fan minderheidstalen yn de ferskate gebieten fan Europa stimulearje. Dêrfoar wol de wurkgroep (yn ‘e mande mei oare taalminderheden sûnder ‘kin-state' yn Europa) in selskipspul ûntwikkelje foar thús, skoalle en feriening as edukative en rekreatieve aktiviteit yn groepsferbân oer minderheden yn Europa en oer it ramt, de regels en de betsjutting fan de EU foar minderheden
Yn 2007 moat dat liede ta de folgjende produkten:
09. It regeljen en útfieren fan útwikselingen op it mêd fan bestjoer, ûnderwiis, kultuer en toerisme mei gebieten mei taalminderheden. 10. It meiwurkjen en dielnimmen oan gearkomsten, kongressen en sympoasiums fan gebieten mei taalminderheden, yn it bysûnder fan de FUEV. 11. It tarieden en yn produksje bringen fan in selskipspul foar en oer lytse taalgebieten yn Europa yn'e mande mei de SEK
Ynterfryske wurkgroep
Ynterfryske wurkgroep
Under dizze kommisje falle twa taken:
It meitsjen fan In ynterfryske dikekaart fan de trije Fryslânnen. Oan de hân fan de nije kaart moatte de Friezen har better bewust wurde fan harren geografyske en histoaryske ferbûnens.
It ûntwikkeljen fan in ynterfryske leksikon.
Promoasje en Akwisysje
De doelstelling is om mear draachflak foar it Frysk, in Frysk taalbelied en foar de aktiviteiten fan de Ried te krijen. Dat liedt yn 2009 ta de folgjende produkten:
It ferspriede fan in nijsbrief
Mear Frysk op ynternet troch it ûnderhâlden fan in nijsgjirrige 'thússide' mei:
meartalige algemiene ynformaasje oer de doelstellingen en de produkten fan de Ried;
nijs oer projekten fan de Ried;
de folsleine ynhâld fan Swingel;
in fryske sykmesjine dêr't safolle mooglik (leafst alle) fryske siden mei berikt wurde kinne;
de mooglikheid om algemiene en detailearre ynformaasje op te freegjen;
in aginda mei aktiviteiten fan ferskate fryske organisaasjes;
de mooglikheid jin op te jaan as stiper fan de Ried en/of oare stipe oan de Ried ta te sizzen;
Mei help fan de stipers 20 nije stipers foar de Ried winne;
Wurkgroep PR
It wurkjen oan in Frysk-freonlik klimaat, sadat de tinkbylden en projekten fan de Ried en fan oare organisaasjes dy't de posysje fan Fryslân en it Frysk fersterkje wolle, sûnder (al te folle, ûnnedige) wjeraksel op te roppen, har plak yn de mienskip fine kinne, dat is de doelstelling.
14. Op syn minst tritich kear yn it jier omtinken yn de media bewurkstelligje foar it wurk fan de Ried en besibbe organisaasjes en de Ried fertsjintwurdigje dêr't dat winsklik is, mei as risseltaat mear bekendheid en goodwill foar de Fryske taal en kultuer;