logo

Thursday 11th of March 2010

brief
steatssekretaris fan Ynlânske Saken PDF Print E-mail

Oan de steatssekretaris fan Ynlânske Saken

Mefrou drs. A.Th.B. Bijleveld-Schouten,

Postbus 20011, 
2500 EA Den Haach.

Ljouwert, 21 desimber 2009

Rju achte mefrou Bijleveld, 

Op 29 oktober ha jo antwurd jûn op fragen fan de Earste-Keamerleden Ten Hoeve (OSF), Benedictus (CDA), Dölle (CDA) en Schaap (VVD) oer de oersetting yn ús paspoart fan “Keninkryk der Nederlannen” yn inkele East-Europeeske talen. Yn jo antwurd ha jo tasein om der nochris nei te sjen en mooglik in oanpassing te dwaan. Jo geane der dêrby fan út dat it kritearium is dat de namme “in overeenstemming is met de wijze waarop «Koninkrijk der Nederlanden» in de vreemde taal in het formele gebruik bekend is”. De Ried fan de Fryske Beweging is it net iens mei jo útgongspunt. Nederlân kin der ek sels wat oan dwaan dat in korrekte oantsjutting brûkt wurdt. Foar ús eigen paspoart jildt dat fansels hielendal. Friezen ha it Nederlânske steatsboargerskip mar fiele har perfoarst gjin Hollanners mar Friezen. It soe ús net fernuverje dat soks ek jildt foar oare regio’s yn Nederlân.

It is ús bekend dat út gemaksucht faak “Hollân” brûkt wurdt as in pars pro toto foar Nederlân. Lykas de fragenstellers oanjûn ha binne der korrekte nammen foar Nederlân yn de bedoelde talen. Wy freegje jo dêrom mei klam rekken te hâlden mei de identiteitsgefoelens fan de Friezen as jo jo oer dizze kwestje bûge. It soe goed wêze om  de ynslipe gewoante fan de lêste 200 jier, dy’t foar Friezen grutte argewaasje jout, offisjeel radikaal om te bûgen.

Wy binne benijd nei jo reaksje,

Mei heechachtinge,

Dr. J. van der Bij,

(foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging)

Klik hjir..
 
Achte hear hofstra PDF Print E-mail

Oan  de hear Aant Hofstra

Achte hear Hofstra,

In skoftke lyn hawwe jo in e-post stjoerd oer it brûken fan it Frysk op de webside www.vv-sds.nl/ en op www.wommels.nl. It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging hat der mei in protte nocht kennis fan nommen en mei dizze brief wolle wy jo witte litte dat wy der tige wiis mei binne dat jo it Frysk op dizze wize promoate. In wichtige doelstelling fan de Ried is minsken op in ynformele manier yn oanrekking komme te litten mei it Frysk. Jo websiden soargje derfoar dat minsken it Frysk brûke en lêze. Dat is dé manier dy’t de Fryske Beweging ek foar eagen hat. Nochris ús kompliminten en wy winskje jimme fierder in soad súkses ta.

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

Renze Valk, skriuwer

 

 

 

 

 

 

 
Komplimint UPS PDF Print E-mail

Oan UPS

Eala,

In skoftke lyn is der by de hear J. van der Bij  Twellegea troch UPS in pakketsje brocht. Jammergenôch waard de doar net iepen dien. Dus moast jo meiwurker in besoarchbriefke skriuwe. Jo meiwurker hie sjoen dat der op de doar in “”Praat mar Frysk”” plakker plakt wie. Dus it besoarchbriefke is troch jo meiwurker ynfold  yn it Frysk. Dit foel daliks op doe’t  de hear Van der Bij thús kaam. Jo moatte witte dat de hear Van der Bij foarsitter is fan de Ried fan de Frysk Beweging. Mei dizze brief wolle wy jo bedriuw in komplimint jaan. It komt net faak foar dat in bedriuw fan bûten Fryslân in briefke skriuwt yn it Frysk.

Dit berjocht hawwe wy op ús eigen hiemsiden setten en is dus in positive reklame foar jo bedriuw. Wolle jo ús wurdearring en kompliminten oan jo meiwurker oerbringe? Alfêst ús hertlike tank. 

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

Renze Valk, skriuwer

 
Brief oan Amnesty PDF Print E-mail

Eala,

Yn jo e-post fan 9 september 2009 freegje jo minsken om jo aksje
Stop discriminatie te stypjen. It sprekt hast fansels dat de Ried fan de Fryske Beweging it fan herte iens is mei de doelstelling dy’t der achter stekt. It hat ús fernuvere dat jimme net alle punten út de konseptrjochtline neame. Jimme skriuwe: “Deze richtlijn verbiedt discriminatie van Europese burgers – ongeacht hun godsdienst of levensbeschouwelijke overtuiging, handicap, leeftijd of seksuele oriëntatie”. 
It is ús net dúdlik werom jimme “geslacht, ras en etnische afstamming” net neame. Benammen op it lêste punt falt der yn Nederlân noch wol wat te ferbetterjen.

Klik hjir..
 
Moasjes yn de oare streektalen PDF Print E-mail

Oan it presidium fan

de Provinsjale Steaten fan

de Provinsje Fryslân

Postbus Snekertrekweg 1

8912 AA Ljouwert

 

Ljouwert, 25 augustus 2009

 

Achte Presidium,

 

De Ried fan de Fryske Beweging wol hjirby syn teloarstelling útsprekke oer dat it yn de Steaten neist it yntsjinje kinnen fan moasjes yn it Frysk en it Nederlânsk net mooglik is om dat ek dwaan te kinnen yn ien fan de oare streektalen dy’t yn Fryslân sprutsen wurde.

De Ried fynt dat dy talen in diel binne fan de Fryske kultuer en hearre by it eigene fan groepen ynwenners fan Fryslân. It is tige spitich konstatearje te moatten dat yn Nederlân en ek yn oare lannen it tal minsken dat him utert yn har streektaal weromrint. Dat betsjut dat dêrmei ek in diel fan de spesifike eigenheid fan har kultuer ferdwynt.

De Ried fan de Fryske Beweging sels is der dan ek tige wiis mei dat sawol Ôns Bildt  as de Stellingwerver Skrieversronte lid binne fan de Ried en yn ‘e mande mei alle oare oansletten organisaasjes har ynsette foar it behâld, ûntwikkeljen en bestindigjen fan de Fryske kultuer.

Dêr’t it giet om de Fryske kultuer fynt de Ried dat wy der yn Fryslân wach op wêze moatte  de streektalen dy’t hjir fan âldsher sprutsen wurde te behâlden en te stimulearjen. It hie dêrom yn dit gefal in positive stimulâns west foar it yn stân hâlden fan de Fryske kultuer dat it mooglik west hie om in moasje yn it Stellingwerfs yn te tsjinjen.

De Ried freget jimme dan ek om it mooglik te meitsjen yn it ramt fan it yn stânhâlden en stimulearjen fan de ûntwikkeling fan de Fryske kultuer dat moasjes ek yn in streektaal, dy’t hjir fan âldsher sprutsen wurdt, yntsjinne wurde kinne.

 

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

 

R.W. Valk, skriuwer

 
STENDEN PDF Print E-mail

Oan  de hear S. van der Veen

 

Achte hear Van der Veen,

It bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging hat der kennis fan nommen dat jo meiholpen ha om it lieteboek "Wylde Goes" ûnder de minsken te bringen. Mei dit brief wolle wy jo meidiele dat wy der tige wiis mei binne dat jo it Frysk op dizze wize promoate op de Pabû fan de Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert. Takomstige learkrêften leafde foar it Frysk by te bringen fine wy fansels o sa wichtich. Sy moatte de taal trochjaan oan de nije generaasje. As learkrêften niget hawwe oan it Frysk dan sille de bern it ek krije. Jo hawwe hjiryn in wichtige rol. Wy binne bliid dat der immen is dy't de Frysktalige tradysje fan de Pabû De Him yn Snits, dy't opgien is yn Stenden, wer oppakt en it wurk fan Hindrik van der Meer op eigen wize fuortset.

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

Jaap van der Bij

 
Plaknammen Wymbritseradiel PDF Print E-mail

Oan it Kolleezje fan B&W fan Wymbritseradiel

y.ô.o. de riedsleden

Stêdsleane75,

8651 AC Drylts.

 

Ljouwert, 29 juny 2009

 

Achte Kolleezje,

 

Op 20 maaie 2008 hat de gemeenteried fan Wymbritseradiel yn har riedsgearkomste besletten om de Fryske nammen foar de doarpen as de offisjele nammen te ferklearjen. Troch in amendemint fan it CDA moast de ynfieringsdatum 1 jannewaris 2009 wurde. B&W moasten foar dy datum allinne noch soargje dat de krekte beneaming fan de doarpen yn de GBA opnommen waard. Op de riedsgearkomste fan 16 desimber is oer it brondokumint net mear praten mar is der ek neat feroare oan it beslút fan 20 maaie 2008 omdat alle ynstjinne amandeminten fersmiten binne. De Ried fan de Fryske Beweging hat dêrút de konklúzje lutsen dat op dit stuit de Fryske nammen de offisjele nammen fan de doarpen binne mar dat it net dúdlik is hoe't dy skreaun wurde moatte. De Ried fan de Fryske Beweging wol dêrom graach fan jimme witte hokker prikken it gemeentebestjoer yn it wurk steld hat om it beslút fan 20 maaie 2008 út te fieren. Benammen binne wy der benijd nei wat jimme dien ha y.f.m. de registraasje foar 1 july yn it ramt fan de ynfiering fan de BAG.  Ha jimme de Hollânske of de Fryske nammen opnimme litten. Is der in beslút oer nommen dêr't de ynwenners tsjin yn berop gean kinne? Wer moatte ynstânsjes lykas TNT har no oanhâlde en wat moat der yn de tillefoangids?

 

Graach krije wy fan jimme Kolleezje op koarte termyn antwurd op boppesteande fragen om dêrmei dúdlikheid te krijen oer de situaasje.

 

 

Mei rju heechachting,

 

 

Dr. R.W. Valk

 

(skriuwer RfdFB)

 

 
Liwwarders PDF Print E-mail

Dialectro

foar de hearen

Jasper Ceelen en Frits Arkema
Bagijnestraat 19a
8911 DN Ljouwert

Ljouwert, 11 july 2009

 

Achte hearen Ceelen en Arkema,

 

De Ried fan de Fryske Beweging hat mei in protte nocht fernaam dat jimme it duo Ed Lip en Aart Lus betocht hawwe. De Ried fan de Fryske Beweging wol middels dit brief jimme witte litte dat wy it prachtich fine wat it effekt is fan dizze metoade. It brûken fan it Liwwarders, dat in soad fan it Frysk hat, kriget in goede oppepper troch dit duo. In soad jongerein sjongt de ferskes mei en nimt wurden oer. It Liwwarders hat jierrenlang in min imago hân. Mar troch jimme inisjatyf feroaret dat no de positive kant op. It is sa begripe wy net jimme earste doel om it Liwwarders te promoatsjen, mar it skeppen fan in feestlike sfear. Dat nimt net wei dat jimme metoade der ek ta liedt dat minsken positiver tsjin it Liwwarders oer steane en dat dêrtroch it brûken der fan wer faker foar komt. Dat is foar ús reden om dizze oanpak ek foar it brûken fan it Frysk yn de gaten te hâlden. Nochris ús kompliminten en wy winskje jimme fierder in soad súkses ta.

 

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

 

Renze Valk, skriuwer

 

 

 
Friesland College PDF Print E-mail

FC Campus, gebouw Triangel

Foar Rients Faber en Theo Verlaan
Postbus 45
8900 AA Leeuwarden

Ljouwert, 11 july 2009

Achte hearen Verlaan en Faber (Bêste Theo en Rients),

De Ried fan de Fryske Beweging hat út de parse fernaam dat jimme projektgroep Frysk op it Friesland College oan it Kolleezje fan Bestjoer fan it ROC in útstel dien hat om it Frysk in bettere posysje te jaan op it ynstitút. It útstel om sertifikaten te jaan as de studinten har feardichheden eigen makke hawwe lykas Frysk ferstean kinne, lêze kinne, skriuwe kinne en prate kinne sil har foar har takomstich wurk wis fan pas komme. Ekstra sertifikaten helje kinne sil foar guon studinten teffens ek in goede stimulâns wêze om wat mei de Fryske taal te dwaan, omdat se witte dat se harren ûnderskiede moatte op in krappe arbeidsmerk. Fansels sil as jimme útstel oannaam wurdt, dat wis ek nochris in moaie opstekker wêze foar it Frysk. Omt op it ôfskie fan Theo Verlaan de foarsitter fan it Kolleezje har net echt posityf útliet oer it útstel lit it him oansjen dat it noch in hiel gewraksel wurde kin om it útstel der troch te krijen. De Ried winsket jimme dêrom fan herten ta dat jimme der yn slagje dat it útstel oannaam wurdt.

Mocht de Ried jimme fan tsjinst wêze kinne lit it ús dan witte dan binne wy altiten ree om te helpen. Mochten jimme mear ideeën fan dit kaliber ha dy’t jimme graach realisearje wolle dan fernimme wy dat graach, miskien kinne wy dêrfoar inoar helpe.

Mei achtinge en

freonlike groetnisse,

Renze Valk, skriuwer

 

 

 

 

 

 
« StartPrev12FolgjendeEnd »

Page 1 of 2

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.