Meiwurkers fan Wetterskip Fryslân dy't it Frysk net fersteane, meie minsken net mear freegje om oer te gean yn it Hollânsk. Se moatte tillefoantsjes mei Frysktaligen trochferbine nei in kollega dy't de taal wol machtich is.
Yn Swingel 18 fertelt TH. Dykstra hoe't hy te wurd stien waard troch in meiwurker fan in 'callcenter' dy't foar Wetterskip Fryslân de tillefoan opnaam. Dykstra docht dêroer syn beklach by it Wetterskip. Dy ha no in taalregel stelt:
As in meiwurker in tillefoantsje kriget en hy of sy ferstiet gjin Frysk dan moat de meiwurker trochferbine nei in kollega dy't de taal wol machtich is. It call centre fan it wetterskip sit yn Alphen oan de Rijn, mar dêr binne wol meiwurkers dy't it Frysk machtich binne.
De Ried fan de Fryske Beweging hat ôfspraken makke mei Tûmba oer de ôfhanneling fan klachten oer taaldiskriminaasje. As in klacht oer taaldiskriminaasje by de RfdFB ynkomt, jout de RfdFB de kleier it advys om de klacht oan Tûmba foar te lizzen. Tûmba hannelet de klacht ôf en leit dêrta kontakt mei de ynstânsje of ûndernimming dy’t diskriminearret. As dy gjin lûd jout, wurdt de klacht trochlaat nei de Nasjonale Ombudsman, dy’t in advys jout. Koartlyn hat Tûmba ferslach útbrocht oer de ôfhanneling fan in klacht tsjin it taalbelied fan it Sintrum Wurk en Ynkommen (sûnt 1 jannewaris 2009: it Wurkbedriuw).
It SWY woe in klant net yn it Frysk helpe. Neidat de Nasjonale Ombudsman yngrepen hie, hat it SWY tasein dat klanten dy’t dat wolle tenei yn it Frysk te wurd stien wurde. It SWY hat syn ûntskuldiging oanbean en in wiziging fan it taalbelied tasein. De RfdFB is wiis mei dy tasizzing en sprekt de hope út dat it Wurkbedriuw as opfolger fan it SWY dat belied oernimt en yn de takomst sokke swierrichheden tefoaren kommen wurde kinne.
Jehannes Annema út Westergeast is lulk op Marktplaats. De ferkeap-webside hat al in tal kearen syn Frysktalige advertinsjes derôf helle, wylst syn Nederlânsktalige stean bliuwe. Annema neamt dat taaldiskriminaasje. Hy hat no de help ynroppen fan de Ried fan de Fryske Beweging.
Marktplaats seit it Frysk yndie net ta te stean om´t der net ien is dy´t dy taal kontrolearje kin. De Ried fan de Fryske beweging fynt dat frjemd. Marktplaats soe gewoan sykje moatte nei ien dy't de Fryske advertinsjes kontrolearret.
In oantal reaksjes dy’t wy binnen krigen hawwe en ús reaksje dêr wer op.