logo

Thursday 11th of March 2010

Oer de Fryske Beweging PDF Print E-mail
Written by Administrator   
Sneon, 15 Augustus 2009 16:45

De Ried fan de Fryske Beweging (RfdFB) is de belange-organisaasje foar minsken dy't wiis binne mei Fryslân en har ynsette foar romte foar it Frysk en de Fryske kultuer. De Ried is in ûnôfhinklike frijwilligersorganisaasje.

De Ried fan de Fryske Beweging is een stifting, dêr't in tal organisaasjes en goed 500 stipers (donateurs) by oansletten binne.

De Ried wurket mei in Deistich Bestjoer en sa'n 10 wurkgroepen fan riedsleden en frijwillige meiwurkers. Alle kommisjes beoarderje selsstannich in beskate taak. De nammen fan de kommisjes sizze faaks genôch oer wêr't se mei dwaande binne. Foar in part strike ús aktiviteiten mei it belied en de doelstellings fan de provinsje Fryslân; faak binne se dêr ek in oanfolling op.

Dêrnjonken is de Ried mei-organisator fan de Fryske Reklamepriis en rikt hja ien kear yn 't jier by it nijjierssûpke de Fear yn 'e Broek út.

Binne jo ek wiis mei Fryslân en wolle jo dêrom 'stiper wurde' fan de Ried fan de Fryske Beweging? Dan kinne jo jo oanmelde troch it briefke ûnder it knopke stiper wurde yn te foljen. Jo krije dan trije kear yn 't jier ús bewegingsblêd 'Swingel' en kinne dan meiprate oer aksjes yn it belang fan Fryslân en it Frysk.

Stiper fan de Ried fan de Fryske Beweging binne jo foar € 20,- it jier 

KONTAKT mei Ried fan de Fryske Beweging:

info@fryskebeweging.nl

Tillefoan: 058-2138913 of 0515-559597

Sjoch ek op de oare hiemsiden fan de Fryske Beweging.
www.goedfrysk.nl
 www.euregua.com
www.itnijs.nl

Skriuw jo yn foar de nijsbrief fan de Ried fan de Fryske Beweging

Last Updated on Freed, 06 Novimber 2009 18:57
 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.