|
Produktplan 2008
Ynlieding:
De kearntaak fan de Ried fan de Fryske Beweging kin neffens it karbrief omskreaun wurde as:
"it bewarjen fan de identiteit fan it Fryske folk en it befoarderjen fan de bloei fan syn taal en kultuer";
De groepen fan produkten dy't út dy kearntaken fuortkomme, wurde hjirnei ûnder de fetprinte nammen fan de ferskate kommisjes beskreaun, dy't har mei sa'n groep produkten dwaande hâlde;
- De omskriuwingen fan de produkten fan de Ried binne hjirûnder nûmere fan 1 o/m 19. Dy produkten dêr't de Ried subsydzje foar freget, binne mei de skean ôfprinte bedraggen oanmerkt yn it taheakke 'Totaaloersjoch fan de bedraggen fan de produktplan 2007'. Yn dit stik is achter de produkten dêr't subsydzje fan de provinsje frege wurdt "PS" setten;
- Al ús produkten stypje it brûken fan it Frysk en de measte jouwe in bydrage oan de sosjale en kulturele emansipaasje fan de Fryske befolking;
- Us doelgroep is de hiele befolking fan Fryslân, mar wy rjochtsje ús mei beskate aktiviteiten út in eachpunt fan doelmjittigens meastal op in lytsere groep. Sokke groepen binne yn ús gefal hiel faak net krekt te omskriuwen;
- Dêr't it produkt 'mjitber' is, hawwe wy dat oanjûn. Yn in protte gefallen is it net mjitber. Wy binne meast dwaande op in mêd dêr't gjin sprake is fan werkenbere 'fraach en oanbod';
- Us reedlik fêste ynkomsten (stipersjild, bydragen fan oansletten selskippen, subsydzjes fan in lyts tal gemeenten en fan de provinsje) fersjogge foar it measte yn de dekking fan ús fêste kosten (húsfesting, burokosten, bestjoerskosten). Dy jouwe de basis dêr't wy fanút gean kinne. Foar de útfiering fan guon aktiviteiten hingje wy fierder finânsjeel slim ôf fan ekstra bydragen en fan ynkomsten dy't wy út dy aktiviteiten krije kinne. Us aktiviteiten wurde alhiel troch frijwilligers útfierd, sadat der gjin leankosten mei mank geane.
Produkten
A. Wurkgroep Algemiene Fryske Saken
1. In oantreklike en oansprekkende DVD om jonge âlden bewust te meitsjen fan de wearde fan de Fryske taal foar harsels en foar har bern. (PS)
Taljochting: No't der op it mêd fan it Frysk in protte mooglik is, is it oan de yndividuele Friezen sels dêr mear mei te dwaan. Se moatte har bewuster wurde fan de wearde fan harren taal. By in protte jonge âlden bestiet noch de misfetting dat it foar harren bern better is om se allinnich mei it Hollânsk grut te bringen. Om dy misfetting wei te nimmen en dy âlden (en de twifeljende âlden) bewust te meitsjen fan it belang fan de Fryske taal foar harren bern, sil der mear foarljochting komme moatte. Dat kin it bêste troch har op in gaadlik momint in oansprekkende DVD út te rikken mei programma's dêr't bern graach nei sjogge of mei boartsje (ynteraktyf). Alden dy't wol bewust binne fan de wearde fan it Frysk wurde mei de ynhâld fan de DVD fuortsterke yn harren miening. Foar it opsetten fan sa'n skiif moat it folgjende dien wurde:
- neigean wat der as tekst ( taljochting, ferhaaltsjes, lietsjes), lûd (ferhaaltsjes, lietsjes) en byld (fideo) op opnommen wurde kin/moat en dat op in oansprekkende wize útwurkje (litte); ek op it omslach.
- neigean wat der op dit of soartgelykens mêd oan brûkber materiaal al oanwêzich is;- útsykje wat it gaadlikste momint fan it oerlangjen oan de âlden is (mooglik by de berte fan in bern);
- útfine op wat foar wize de DVD it bêste ûnder de minsken brocht wurde kin;
- rûze hoefolle eksimplaren der jierliks sawat nedich binne;
- ynformearje nei de kosten fan it meitsjen fan sa'n DVD en fan de jierlikse kosten fan it fermannichfâldigjen en it fersprieden yn it winske tal ;
- besjen oan hokker ynstellings it meitsjen en fermannichfâldigjen en it fersprieden opdroegen wurde kinne.Yn 2007 is foar in grut part dit wurk al útein setten en dien. Yn 2008 moatte de DVD's mei in lokwinsk jûn wurde oan âlden dy't in lytse poppe krije.
2. In Deltaplan foar it Frysk opstelle (PS)
Taljochting: It Deltaplan Frysk wurdt opsteld troch de gearwurking fan de Ried mei FFU, de Fryske Akademy en it Pedagogysk Wurkferbân.
De wurden ‘Deltaplan foar it Frysk’ wurde as in metafoar brûkt foar in tal aktiviteiten dy’t yn gearhing meiïnoar ien grutter doel tsjinje moatte; yn dit gefal de posysje fan it Frysk. Wy wolle mei dit plan de tariedingen meitsje om aksjes te ûndernimmen, dy’t likernôch tagelyk en yn gearhing meiïnoar in gruttere kâns fan slagjen hawwe as elke aksje apart. It wol in bydrage leverje oan it provinsjale belied fan it fuortsterkjen fan it Frysk yn de ûnderskate domeinen. (PS)
3. Aktivearjen fan âlden om op te kommen foar Frysk ûnderwiis op de skoalle fan har bern (yn gearwurking mei FFU) (PS)
Taljochting: Yndividuele âlden stean faak allinne tsjinoer it skoalbestjoer, de direksje en de learkreften en/of de meisizzenskipsried as se opkomme wolle foar goed Frysk ûnderwiis op de skoalle fan har bern. Wy wolle sokke âlden fan in tal skoallen byinoar bringe, sadat se meiïnoar stean kinne om foar de rjochten fan harren bern op Frysk ûnderwiis op te kommen en om dat ôf te twingen .
4. Der foar soargje dat it "Ynlisfel oer it brûken fan it Frysk yn ferienings" op mear plakken te plak komt. Taakstelling: der foar soargje dat 25 ferienings in ynlisfel krije. (PS)
Taljochting: De Ried is fan doel yn 2008 mear foarljochting te jaan oer it wurk fan de Ried. Yn dat ferbân wurde de ynlisfellen foar it brûken fan it Frysk yn ferienings meinommen om útrikt te wurden.
B. Ynterfrykse gearwurkingskommisje (yn gearwurking mei de Fryske Rie)
5. In Ynterfryske dikekaart oer de trije Fryslânnen ûntwikkelje en printree meitsje. (PS)
Taljochting: Yn 2007 binne de tariedings foar de dikekaart klear sa dat dy yn 2008 foar it publyk beskikber is. De Fryslannen binne net allinne út in eachpunt fan taal mei inoar ferbûn, mar hawwe ek fanwegen harren perifeare lizzing mei de aspekten dy’t dêr mei gearhingje, te krijen mei de selde of lyksoartige mienskipssaken te krijen. Dizze saken kinne lizze op bgl. it mêd fan de sosjale-ekonomy, de romtlike oardering, de seedefinsje, de kultuer, de histoarje. Saken dêr’t de Friezen harren net bot bewust fan binne. Wy wolle in begjin meitsje mei harren dêr mear bewust fan te meitsjen. Troch harren sjen te litten yn wat foar gebiet wy meiïnoar libje. Dat kin neffens ús it bêste mei it útjaan fan in Fryske kaart foar dat hiele gebiet.
6. It ûntwikkeljen fan in ynterfryske leksikon (PS?)
Taljochting: Yn 2006 is in begjin makke mei dit leksikon. It is de bedoeling dat dy yn 2008 fierhinne klear is.
C. Redaksje Swingel
7. In publisiteitsblêd oer Fryske taal en kultuer útjaan, formaat 240 x 170 mm, op syn minst 16 siden, dat jierliks yn trije edysjes yn in oplage fan op syn minst 650 eltse kear én op ynternet ferskynt. (PS)
Taljochting: In publisiteitsblêd oer Fryske taal en kultuer útjaan, formaat 240 x 170 mm, op syn minst 16 siden, dat jierliks yn trije edysjes yn in oplage fan op syn minst 650 eltse kear én op ynternet ferskynt. (PS)De doelstelling is troch it útjaan fan in blêd mei in ôfwikseljende ynhâld en in oantreklike foarmjouwing oan in brede doelgroep in ynformaasje- en diskusjemedium te bieden oangeande de stân fan saken en ûntjouwingen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.De doelgroep omfiemet elkenien dy't him of har ynteressearret foar de ûntjouwingen oangeande de Fryske taal en kultuer en de omstannichheden dy't dêr oan bydrage. Omdat de aktiviteiten fan de Ried fan de Fryske Beweging dêr ek ta behearre, wurdt ynformaasje dêroer ek yn 'Swingel' opnommen. 'Swingel' is ek fia ynternet beskikber.De Ried slagget der yn fan Swingel trije edysjes it jier mei troch frijwilligers oanlevere kopij ferskine te litten.
8. Yn 2008 sil ûndersocht wurde of it mooglik is in populêr en op in breed publyk rjochte en ryk yllustrearre perioadyk út te jaan (PS)
D. SOSJAAL-ECONOMYSKE KOMMISJE
Taljochting: De doelstelling is om fan sosjaal-ekonomysk eachpunt út de Fryske taal en kultuer yn stân te hâlden en te befoarderjen en dêr't dat mooglik is, op dit mêd de foarstap te nimmen. Dêrby is der yn it bysûnder omtinken foar de leefberens op it plattelân fanwege de relaasje mei it yn stân hâlden fan de Fryske taal.
9. It neigean fan en it reagearjen op nota's en oare beliedstikken fan ryk, provinsje en oare oerheden , benammen as dy gefolgen ha foar it karakter, de taal, de kultuer en it beskikbere arbeidsoanbod en de wurkgelegenheid fan en yn Fryslân (PS
10. It opsetten fan in netwurk by de Ried om nei te gean hokker bedriuwen en organisaasjes regelmjittich aktyf it Frysk brûke benammen yn de media om sa ek oaren te stimulearjen it Frysk ek te brûken (PS)
11. It oanlizzen fan in list mei nammen fan âlden dy't troch de berte-advertinsje of -kaartsje sjen litte dat hja Frysk mei de bern te prate mei it doel dizzen mei elkoar yn de kunde komme te litten en elkoar te stimulearjen yn it brûken fan it Frysk yn de húshâlding
E. Politike kommisje
Doelstelling is mear omtinken te berikken foar in leefber Fryslân en foar de Fryske taal en kultuer yn de lanlike en regionale polityk.
12. It by gelegenheid jaan fan ynformaasjes en advizen oan folksfertsjintwurdigers en bestjoerders en oan it bestjoer fan de Ried fan de Fryske Beweging. Dêr't soks fan tapassing is it lobjen by politisi (PS)
F. Fryske Reklamepriis 2008: (PS)
Taljochting: De Fryske Reklamepriis wurdt jierliks útrikt troch in kommisje besteande út fertsjintwurdigers út de Ried fan de Fryske Beweging (koördinaasje), de Freonen fan Omrop Fryslân, de reklameôfdieling fan Omrop Fryslân, Waterstad FM en 2 minsken út it bedriuwslibben (in bank en in reklameburo). Doelstelling is it stimulearjen fan it brûken fan it Frysk (of in Fryske streektaal) yn reklameboadskippen op radio en tillefyzje en (sa mooglik) yn de printe media. Neist it útrikken fan de prizen oan de winners is de publisiteit om dit barren hinne fan grut belang. Dêrta makket de kommisje gebrûk fan de saakkundigens fan PS-produkties te Ljouwert. Boppedat fiert de kommisje regelmjittich petearen mei mooglik nije partisipanten út de mediawrâld om it draachflak foar it brûken fan it Frysk yn it reklamebelied fan organisaasjes en ûndernimmings te fersterkjen.
Yn 2008 binne de te leverjen “produkten”:
13. Op de Ljouwerter bedriuwekontaktdagen yn maart 2008 de útrikking fan :
a. De Fryske reklamepriis foar it bêste radiospotsje yn 2007
b. De Fryske reklamepriis foar it bêste tillefyzjespotsje yn 2007.
Net allinne de opdrachtjouwer, mar ek de makker (it reklameburo) wurdt by de priisútrikking behelle. Foarm fan de prizen:
- oarkonde en in tal te besteegjen reklamesekonden;
- in hânsume replika fan it stânbyld fan Grutte Pier.
Publisiteitsaksje foar Frysketalige reklame-uteringen yn it ramt fan de útrikking fan de Fryske Reklamepriis:
- parseberjochten;
- útnoegings priisútrikking. Monitoaring fan :
- tal Frysktalige reklamespots yn 2007 yn ferliking mei eardere jierren;
- omtinken foar de Fryske Reklamepriis yn de media.
G. Ynternasjonale Kontakten Kommisje
Taljochting: De doelstelling de kommisje is ynformaasje útwikselje en oerlizze mei fergelykbere kulturele minderheden as de Fryske, yn Europa bûten Nederlân, om elkoar te helpen en te stypjen by it opsetten en útfieren fan plannen ta it yn stân hâlden fan de taal en kultuer en it fuortsterkjen fan de materiële betinksten dêr foar. De kommisje ûnderhâldt foar de Ried de kontakten mei it FUEN en de YEN.Dêrneist wol de kommisje de kennis oer en de kontakten tusken taalminderheden propagearje en popularisearje en it brûken fan minderheidstalen yn de ferskate gebieten fan Europa stimulearje. In middel dêrta is de ûntwikkeling troch de kommisje (yn ‘e mande mei oare taalminderheden sûnder ‘kinstate’ yn Europa) fan in selskipspul foar thús, skoalle en feriening as edukative en rekreatieve aktiviteit yn groepsferbân oer minderheden yn Europa en oer it ramt, de regels en de betsjutting fan de EU foar minderheden As ferfolch op 2007 moat dat yn 2008 liede ta de folgjende produkten:
14. It regeljen en opsetten fan útwikselingen mei taalminderheden yn Europa op it mêd fan ûnderwiis, kultuer en toerisme. (PS)
15. It meiwurkjen en dielnimmen oan ynternasjonale kongressen (û.o. FUEV), sympoasia en gearkomsten op it mêd fan regionale en minderheidstalen en mei taalgebieten mei taalminderheden yn Europa. (PS)
16. De útfiering en köordinaasje fan it “Selskipsspul foar gebieten mei Lytse Talen yn Europa”. De opset, it útwurkjen, de útfiering, it regeljen fan de kommunikaasje, it oersetten, kontakten lizzen ensfh. hjiroer mei oare oanbelangjende taalminderheden. (PS)
H. WWW.DOAR.NL
Taljochting: Dizze wurkgroep ûnderhâldt in thússide mei as doel op in hiel leechdrompelige wize it Frysk skriuwen ûnder bern en jongelju fuort te sterkjen. Fieder wol de wurkgroep yn 2008 trochgean mei har oare aktiviteiten, no yn de foarm fan it opsetten fan in skriuwkursus foar jonge skriuwers. Dit liedt ta de produkten:
17. In webside ûnderhâlde dêr't bern en jongelju mei stimulearre wurde yn it Frysk te skriuwen. Taakstelling: 10 nije gedichten of proazastikken op de webside publisearje. (PS)
18. It organisearjen fan ien skriuwkursus foar jonge skriuwers. (PS)
I. Wurkgroep P R
Taljochting: It wurkjen oan in Frysk-freonlik klimaat, sadat de tinkbylden en projekten fan de Ried en fan oare organisaasjes dy't de posysje fan Fryslân en it Frysk fersterkje wolle, sûnder (al te folle, ûnnedige) wjeraksel op te roppen, har plak yn de mienskip fine kinne, dat is de doelstelling.
19. Op syn minst tritich kear yn it jier omtinken yn de media bewurkstelligje foar it wurk fan de Ried en besibbe organisaasjes en de Ried fertsjintwurdigje dêr't dat winsklik is, mei as risseltaat mear bekendheid en goodwill foar de Fryske taal en kultuer;
J. Promoasje en Akwisysje: De doelstelling is om mear draachflak foar de aktiviteiten fan de Ried te krijen. Dat liedt yn 2008 ta de folgjende produkten:
20. Mear Frysk op ynternet troch it ûnderhâlden fan in nijsgjirrige 'thússide' mei: (PS)
- meartalige algemiene ynformaasje oer de doelstellingen en de produkten fan de Ried
- nijs oer projekten fan de Ried;
- de folsleine ynhâld fan Swingel;
- in Fryske sykmesjine dêr't safolle mooglik (leafst alle) Fryske siden mei berikt wurde kinne;
- de mooglikheid om algemiene en detailearre ynformaasje op te freegjen;
- in aginda mei aktiviteiten fan ferskate Fryske organisaasjes;
- de mooglikheid jin op te jaan as stiper fan de Ried en/of oare stipe oan de Ried ta te sizzen;
21. Mear Frysk op de lêstafels yn de wachtkeamers, troch hús- en toskedokters ree te meitsjen it blêd 'Swingel' der del te lizzen; Taakstelling: Swingel yn 200 wachtkeamers te krijen (PS)
22. It hâlden fan 15 kear in lêzing m.h.f. 'power point' by in feriening of organisaasje oer de posysje fan it Frysk om minsken mear bekend te meitsjen mei wat hja sels bydrage kinne oan it yn stân hâlden fan it Frysk. Tagelyk hoopje wy dêrmei nije stipers te winnen.
K. Meldpunt Taaldiskriminaasje:
It weinimmen fan behinderingen foar it brûken fan it Frysk dy't en dêr't dy har foardogge, is de doelstelling. Dêr't dat doel hat, wurket de Ried op dit mêd gear mei Centum Tûmba (Anti Discriminatie Bureau Fryslân). Dat liedt ta it produkt:
23. It yn stân hâlden fan in 'Meldpunt Taaldiskriminaasje' dêr't men him oppenearje kin, en dat yn aksje komt om de behindering wei te nimmen. Yn oerlis mei dejinge dy't klaget, wurdt de klacht en - sa mooglik de oplossing - publisearre;
L. Underwiiskommisje:
De Ried beskôget it by de Ried oansletten FFU as it plak dêr't de ûnderwiissaken mei regele wurde. Ek is de Fryske Rie hjir by belusten.
24. Der is foar 2008 ien produkt opnommen yn dit produktplan. Yn de mande mei de Ynterfrykse GearwurkingsKommisje sil ûndersocht wurde of it mooglik is in DVD te meitsjen foar de âldste groep bern yn it basisûnderwiis en de jongste groep yn it fuortset ûnderwiis oer de Fryslannen. Ek is de Fryske Rie hjir by belusten. (PS)
* * * * * * *
Ynkomsten fan de Ried yn 2006:
|
stipersjild kontribúsje selskippen subsydzje provinsje subsydzje provinsje (Fr.Reklamepriis) subsydzje gemeenten
|
€ 7.500,00 500,00 10.230,00 7.500,00 68,00
|
|
meielkoar
|
----------------- € 25.798,00
|
|
|
|
* * * * * * *
Berekkeningen foar de produktebegrutting 2006:
HUSFESTING C.A.
|
hier kantoar servicekosten kantoar fersekering en belêsting
|
€ 1300,00 340,00 170,00
|
|
meielkoar
|
--------------- € 1810,00
|
|
|
|
* * * * * * *
RIED EN BESTJOER
|
riedsgearkomsten bestjoersgearkomsten ûnkosten lidmaatskippen / abonneminten
|
€ 200,00 100,00 1000,00 1200,00
|
|
meielkoar
|
--------------- € 2500,00
|
|
|
|
* * * * * * *
ALGEMIENE EN KANTOARKOSTEN
|
ûnkosten frijwilligers administraasjekosten tillefoan en antwurdnûmer deklaraasjes ferskaat
|
€ 800,00 500,00 500,00 600,00 400,00
|
|
meielkoar
|
-------------- 2800,00
|
|
|
|
* * * * *
Omdat de produkten nrs. 7 en 11 oer itselde gean, moatte dy tegearre winliken as ien produkt sjoen wurde. De som fan boppeneamde bedraggen (1.810,- + 2.500, - + 2.800, - = 7.110,-) moat dan omslein wurde oer 18 produkten fan de ferskate kommisjes; dat is foar elk produkt 7.110, -- : 18 = € 395,--.
Kostenberekkening SWINGEL (4)
|
Eigen middels fan de Ried
|
€ 2.500,00
|
|
Foarmjouwing
|
€ 1.400,00
|
|
Provinsjaal subsydzje
|
€ 2.895,00
|
|
Yllustraasjes
|
€200,00
|
|
Advertinsjes
|
PM
|
|
Redaksje
|
€ 200,00
|
|
|
|
|
Printkosten
|
€ 2.200,00
|
|
|
|
|
Porto
|
€ 1.000,00
|
|
|
|
|
Omslachkosten
|
€ 395,00
|
|
|
---------------
|
|
|
---------------
|
|
|
€ 5.395,00
|
|
|
€ 5.395,00
|
(Foarriedige) Kostenberekkening útrikking Fryske Reklamepriis 2006 (9)
|
Freonen fan Omrop Fryslân
|
300
|
|
Priisútrikking
|
1.500,00
|
|
Ried f d Fryske Beweging
|
945,00
|
|
Reklamesekonden
|
5.000,00
|
|
Provinsje fia R.f.d.F.Bew.
|
7.500,00
|
|
Rekl'buro’s stypjen materiaal
|
1.000,00
|
|
|
|
|
Portokosten
|
100,00
|
|
|
|
|
Sjuery
|
500,00
|
|
|
|
|
Reis- en ferbliuwskosten
|
250,00
|
|
|
|
|
Omslachkosten RfdFB
|
395,00
|
|
|
----------------
|
|
|
----------------
|
|
|
€ 8.745,00
|
|
|
€ 8.745,00
|
|
totaaloersjoch fan de bedraggen fan de produkten 2006 bedraggen yn euro's
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
KOSTEN:
|
|
|
DEKKING:
|
|
|
|
|
Produktnûmer:
|
Omslach:
|
Oare kosten:
|
Totaal:
|
Eigen ynkomsten:
|
Prov. subsydzje:
|
Oare ynkomsten:
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
|
1
|
395,--
|
50,--
|
445,--
|
445,--
|
|
|
Neiswylje
|
|
2
|
395,--
|
50,--
|
445,--
|
445,--
|
|
|
Ynlisfel
|
|
3
|
395,--
|
150,--
|
545,--
|
245,--
|
300,--
|
|
DVD
|
|
4
|
395,--
|
5.000,--
|
5395,--
|
2.500,--
|
2.895,--
|
|
Swingel
|
|
5
|
395,--
|
60,--
|
455,--
|
225,--
|
230,--
|
|
Ynsprekke
|
|
6
|
395,--
|
60,--
|
455,--
|
225,--
|
230,--
|
|
Wytboek fryske bedriuwen
|
|
7
|
395,--
|
2.990,--
|
3.385,--
|
250,--
|
3.135,--
|
|
Ynternasjonaal selskipspul
|
|
8
|
395,--
|
8.350,--
|
8.745,--
|
945,--
|
7.500,--
|
300,--
|
Reklamepriis
|
|
9
|
395,--
|
670,--
|
1.065,--
|
530,--
|
535,--
|
|
Ynternasjonale útwikselingen
|
|
10
|
395,--
|
2.000,--
|
2.395,--
|
1.195,--
|
1.200,--
|
|
Ynternasjonale kongressen
|
|
11
|
|
|
|
|
|
|
sjoch produkt 7
|
|
12
|
395,--
|
425,--
|
820,--
|
410,--
|
410,--
|
|
Webside Doar
|
|
13
|
395,--
|
575,--
|
970,--
|
485,--
|
485,--
|
|
Skriuwkriich
|
|
14
|
395,--
|
|
395,--
|
395,--
|
|
|
Frysk yn'e media
|
|
15
|
395,--
|
150.--
|
545,--
|
545,--
|
|
|
Stipers winne
|
|
16
|
395,--
|
500,--
|
895,--
|
395,--
|
500,--
|
|
Webside
|
|
17
|
395,--
|
200,--
|
595,--
|
295,--
|
300,--
|
|
Swingel yn wachtkeamers
|
|
18
|
395,--
|
|
395,--
|
395,--
|
|
|
Stipers winne
|
|
19
|
395,--
|
|
395,--
|
395,--
|
|
|
Meldpunt
|
|
|
----------
|
-----------
|
------------
|
-----------
|
------------
|
----------
|
|
|
Totalen:
|
7.110,--
|
21.230,--
|
28.340,--
|
10.310,--
|
17.730,--
|
300,--
|
|
|