logo

Thursday 11th of March 2010

Oansletten organisaasjes
De Stellingwarver Skrieversromte PDF Print E-mail

De Ried fan de Fryske Beweging wol noed stean foar alle streektalen yn de provinsje Fryslân. Dêr heart fansels ek it Stellingwarfs by. De Stellingwarver Skrieversromte is dêrom oansletten by de Ried.

 It bestjoer fan de Ried en fan de Skrieversronte binne it der oer iens dat it krewearjen foar mear romte foar it Frysk en it Stellingwarfs in protte mienskipliks hat. By beide is fansels de juridyske erkenning tige wichtich. Dêrnjonken stribje beide dernei dat har taal mear yn de offisjele romte brûkt wurdt, sawol mûnling as skriftlik. Beide hawwe dermei te krijen dat jonge âlden somtiden foar it gemak of om wat foar reden dan ek tinke dat se better Hollânsk mei de bern prate kinne.

Klik hjir..
 
Feriening Frysk Underwiis PDF Print E-mail

De Feriening Frysk Underwiis is oprjochte yn 1987. Doe waard betocht dat it 50 jier lyn wie dat it Frysk yn it primêr ûnderwiis tastien waard. Yn dy tiid waard ornearre dat it Frysk yn it ûnderwiis noch altiten net in soad foarstelde en dat der noch hiel wat dien wurde moast om it Frysk as taal in folweardich en oan it Hollânsk lykweardich plak te jaan yn it ûnderwiis.


Dêrta is doe de F.F.U. oprjochte om de krêften te bondeljen fan alle belanghawwenden by en belangstellenden foar folweardich Frysk ûnderwiis. Fan pjutteboartersplak oant en mei heger ûnderwiis. Dat kinne wêze: âlden, ûnderwizenden, skoallen, skoalbestjoerders, studinten en alle oare belanghawwenden en belangstellenden.


As jo ek fan betinken binne dat der mear dien wurde moat oan it Frysk yn it ûnderwiis, stypje ús dan troch lid te wurden fan de feriening. Foar € 10,- jiers wurde jo dan op 'e hichte holden mei de aktiviteiten fan 'e F.F.U. en fansels kinne jo dêr dan ek oan meidwaan.



Klik hjir om op it FFU-webstek te kommen.

 
De Stichting Ons Bildt PDF Print E-mail

De Stichting Ons Bildt set hur in foor de Bildtse (streek)taal en ’t Bildts aigene te hoeden en te noeden.  De Stichting geeft kursussen Bildts foor Bildtstaligen en niet-Bildtstaligen en 'n kursus Bildtse geskidenis. Hiermet befordert de stichting 't brúkken fan en 't skriven in 't Bildts.

 
De Federaasje - Fryske studinteferienings PDF Print E-mail

De Federaasje fan Fryske Studinteferienings, hjirnei ôfkoarte as 'de Federaasje', is in gearwurkingsferbân fan Fryske studinteferienings. Op it stuit binne der trije ferienings oansletten: De Mokumer Mjitte út Amsterdam, de F.F.J. Bernlef út Grins en it W.S.S.F.S. út Wageningen.
Fia de Federaasje ûnderhâlde de studinteferienings kontakten mei Fryske organisaasjes. Sa hat de Federaasje fertsjinwurdigers sitten yn De Ried fan de Fryske Beweging, De Fryske Ried en it Europeesk Buro foar de lytse talen.

De Federaasje is net allinnich in oerlisorgaan, der binne ek tal fan aktiviteiten. It pronkstikje fan de Federaasje is dochs wol it jierlikse Krystkongres yn Frjentsjer. Alle jierren wurdt dit organisearre tusken Kryst en Nijjier. Meastentiids wurdt der dan in foarumdiskusje hâlden wêryn't de studinten harren fyzje jaan kinne oer in bepaald tema. Ek is der alle jierren wer in Kabaretkriich mei dat selde tema. Nei it serieuze part is der fansels ek tiid foar wat ûntspanning, dat de jûns is der gauris grut feest en der wurdt dan ek noch striden om de Bierkëlka. Foar de simmer wurdt der foar de oansletten selskippen in kamp organisearre. Yn de ûneven jierren is dat it Amelânkamp, op in even jiertal wurdt der in Sylkamp organisearre. Ek is der alle jierren in 'federaasje-keatswedstriid'.


Om dit alles yn goede banen te lieden hat de Federaasje fansels in Bestjoer dat gearstald is út de leden fan de ferskillende oansletten selskippen. Foar tal fan saken binne der ek noch kommisjes dy't it bestjoer in protte wurk út hannen nimme.

 
De Fryske Rie PDF Print E-mail

De Fryske Rie is in stifting, dy't nau oparbeidet mei de beide susterorganisaasjes yn Noard- en East-Fryslân yn Dútslân. Dat oparbeidzjen hat op 11 septimber 1998 mei de oprjochting fan de Ynterfryske Rie e.V. in nije grûnslach krigen. De Ynterfryske Rie beskikt oer in roaster fan moetings. De moetings wurde yn ‘e regel jierren yn ‘t foar fêststeld. Sa hat de Fryske Rie tradisjoneel trije typen reguliere aktiviteiten:

• It Ynterfrysk Kongres, dat sûnt 1925 plakfynt en sûnt de fyftiger jierren ien kear yn 'e trije jier holden wurdt, ôfwikseljend yn elk fan de Fryslannen. Yn septimber 2003 wie it kongres 'Gastfrij Fryslân' yn Ljouwert en yn maaie 2006 wie it kongres ‘Iepen Doarren’ yn Leck (Noard-Fryslân).

• It Friesen-droapen (foarhinne de 'Sternfahrt der Friesen') op Helgolân, in kultureel evenemint mei artysten út alle Fryslannen ienris de trije jier. Dit barren fan Noard-, East- en Westerlauwerske Friezen op Helgolân is en wurdt holden foar in breed publyk, út de trije Fryslannen.

• De reguliere moetingen fan de beropsgroepen dy't yn de Fryske Rie fertsjintwurdige binne, ôfwikseljend yn de trije Fryslannen.
Yn septimber ’06 hat der in frouljusmoeting west yn East-Fryslân. Yn Westerlauwersk Fryslân waard yn oktober ’06 in bestjoerdersmoeting organisearre, yn febrewaris 2007 is der in boeremoeting en der binne ek plannen ta it hâlden fan in ûnderwiismoeting yn septimber/oktober ’07.

Hiemside: www.fryskerie.nl/

Klik hjir..
 
SELSKIP FOAR FRYSKE TAEL EN SKRIFTEKENNISSE PDF Print E-mail

It Selskip

De skiednis fan it Selskip giet tebek oant 1844. De haadreden foar it oprjochtsjen is lein yn it opkommen en útkommen foar de eigen taal.

It Selskip hat ta doel it fuortsterkjen fan de Fryske taal en it Frysk eigene yn al syn uteringen.

It Selskip oerkoepelt yn Fryslân de Kriten fan Easterwâlde, Hearrenfean, Ljouwert, Drachten,  De Lemmer en Trynwâlden, mei-elkoar in 1200 kriteleden.

De Krite fan De Jouwer is stiper fan it wurk fan it Selskip.

It bestjoer wurdt foarme troch in ôffurdiger fan eltse oansletten Krite.

Klik hjir..
 
IFAT PDF Print E-mail

De haadreden fan it oprjochtsjen fan IFAT is it bondeljen fan alle organisaasjes, sawol yn as bûten de provinsje Fryslân, dy’t ta doel hawwe it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer en yn it bysûnder it opfieren fan Frysktalich toanielwurk troch amateurs.

 

De wurkfjilden fan IFAT lizze oer hiel Nederlân ferspraat. IFAT is oprjochte op 24 july 1953 troch 3 Frysktalige organisaasjes, te witten:

a.   Boun Fryske Toanielselskippen  (yn 2001 opgien yn STAF; dg. BFT selskippen);

b.   Frysk Boun om Utens;

c.   Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse fan 1844.

IFAT omfettet  sa’n 170 toanielferienings / kriten en in 30 jongerein toanielgroepen mei mear as 10.000 aktive toanielspilers / kriteleden en jierliks mear as 100.000 besikers by Frysktalige útfierings. IFAT is in frijwilligersorganisaasje sûnder betelle oerhead. IFAT is de lânelike organisaasje foar Frysktalich amateurtoaniel mei lânelike subsydzje; IFAT kriget fanôf 1953 lânelike subsydzje: sûnt 2002 yn it kader fan de Bestjoersôfspraak “Friese Taal en Cultuur”.IFAT stiet foar it:Fuortsterkjen fan ... oansetten jaan ta ... befoarderje fan ... partisipearje yn ... kwalitatyf stypjen fan ... aktiviteiten fan de trije boppesteande organisaasjes en harren leden. 

Sekretariaat IFAT:  Willem Loadewykstrjitte 115, 8933 BL Ljouwert / Leeuwarden, till. 058 - 2125383

e-post: kornelis.kuipers@12move.nl

 
Jong Fryske Mienskip PDF Print E-mail

De Jong Fryske Mienskip waard oprjochte yn 1915 mei de jonge Douwe Kalma (1896-1953) as besieljend lieder. It doel fan de Jongfriezen wie om mei nij elan de Fryske striid oan te gean en de Fryske literatuer op in heger peil te bringen. Mei as biedwurd "Fryslân en de wrâld' moast de Fryske literatuer in lykweardich plak besykje te krijen tusken de oare nasjonale literatueren. It tydskrift 'Frisia' (1917-1936) waard it literêre poadium fan de Jongfriezen. Yn 1951 krige 'Frisia' in opfolger yn 'Lyts Frisia' mei as ûndertitel 'Tydskrift foar Fryske striid en literatuer'.

'Lyts Frisia' is yn 2006 oan de 55ste jiergong begûn. It blêd ferskynt fjouwer kear yn 't jier: maart, juny, septimber en desimber. De redaksje wurdt foarme troch: Jan Jongsma, Anneke Jousma en Bertus Postma. Redaksje-adres: Tj. H. Haismastrjitte 26, 9251 AV Burgum, e-post: f2hjanjongsma@hetnet.nl

It tal JFMleden/lêzers fan 'Lyts Frisia' is mei yngong fan 1 jannewaris 2006 krekt 100. It JNF-bestjoer bestiet út: Jaap Vergonet (Drylts) foarsitter, Jan Jongsma (Burgum, skriuwer/skathâlder; Piter Dykstra (Waskemar) en Bertus Postma (Bitgummole)

 
Kristlik Frysk Selskip PDF Print E-mail

It yn 1908 oprjochte protestantske Kristlik Frysk Selskip (KFS) hat ta doel it brûken fan it Frysk (ek) yn Kristlike fermiddens te stimulearjen. De ortodokse protestante Friezen fielden har oan it begjin fan de foarige ieu net sa thús yn it liberale en faak anty-tjserklike Ald Selskip.

In jiermannich letter is yn 1917 om deselde reden it Roomsk Frysk Boun oprjochte, mei op oanstean fan Pater karmelyt Titus Brandsma (1881 - 1942) dy't oant 1925 skriuwer wie fan it bûn.

Yn 1997 is it Roomsk Frysk Boun opgien yn it KFS, neidat beide ferienings al in jiermennich yn in soarte fan federaasjeferbân gearwurke hienen. It KFS en it RFB wiene altyd al by de Ried oansletten.

Klik hjir..
 
De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân PDF Print E-mail

De Feriening Freonen fan Omrop Fryslân (FFOF), is de ‘fanclub’ fan de omrop. It doel fan de feriening is it stribjen nei in goede publike Fryske omrop foar radio en televyzje. De FOF soarget foar ynformaasje oer Omrop Fryslân en stipet Omrop Fryslân by syn doelstellings en aktiviteiten.

(oernommen fan de hiemside fan Omrop Fryslân)

 

Aktiviteiten 

Klik hjir..
 
It Frysk Boun om Utens PDF Print E-mail

It Frysk Boun om Utens (It Boun) is de oerkoepeling fan de oansletten kriten bûten Fryslân, yn Nederlân. It stiet noed foar de mienskiplike belangen fan de kriten en hat dêr kontakten oer mei de oerheden, Fryske organisaasjes, de media en oaren.

 

It Boun hat neffens it karbrief as doelstelling:1.    in bân te lizzen tusken de Friezen bûten Fryslân en by harren it Fryske folkskarakter yn al syn uterings, benammen yn de taal, te bewarjen en te befoarderjen;2.    by oaren as Friezen, niget oan en begryp te bringen foar Fryslân, de Fryske taal, kultuer en skiednis.De kriten organisearje byienkomsten oangeande: Toaniel, Kabaret, Sjongen, Boekbesprekken, Lêzings en/of Stúdzjegearkomsten op it mêd fan de Fryske taal, literatuer, skiednis, kultuer ensfh. Fierder wurde kursussen Frysk organisearre, sawol foar Frysktaligen as foar net-Frysktaligen

.Oansletten krites: Amersfoart, Amsterdam, Apeldoarn, Arnhim, Assen, Beverwyk *, Boadegraven *, Bussum, Dimter, Doardt, Flaardingen, De Haach, Haarlim, Hilversum, Hoarn, Hurderwyk, Leiden, Lelysted *, Oss, Seist, SudeastDrinte, Swol *, Utert *, Wageningen

(mei * ha in eigen hiemside) 

Net-oansletten krites om útens: De Helder, Roan, Stienwyk 

Mienskiplik mei  It Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse jout It Frysk Boun om Utens alle jierren in Ynfo(rmaasje)map en periodyk in Nijsbrief út.

  

Kontakt: Hâns J. Weijer, skriuwer, Witterweg 29, 9421 PE Bovensmilde NL, 

til. (0031 (0)) 592-412165,

e-mail skriuwerfbou@fryskbutenfryslan.nl 

 



Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.