logo

Thursday 11th of March 2010

FUEN-kongres 2009 yn Brussel PDF Print E-mail

Ut namme fan de Ried fan de Fryske Beweging namen Jaap Rinzema en Willem Riemersma ein septimber diel oan it jierlikse kongres fan de Federal Union of European Nationalities (fuen).

 

Jaap Rinzema en Willem Riemersma

 

Gearstalling en doelen FUEN

By de fuen is in grut tal organisaasjes fan minderheden yn Europa oansletten. De fuen hat benammen as doel om yn it kontakt mei steatsoerheden en mei ynstellings fan de Europeeske Uny en de Ried fan Europa de belangen en posysje fan de minderheden te tsjinjen en fuort te sterkjen.

Fan de fuen meitsje de saneamde nasjonale minderheden (bygelyks de Denen yn Dútslân en krekt oarsom) it grutste part út, mar ek de saneamde taalminderheden sûnder kin state (in oare steat dêr’t dy taal de steatstaal is), blaze in partij mei. By dy groep hearre ek de Westerlauwerske Friezen en de Noard-Friezen, de Bretons, de Kasjûben, de Rhaeto-Romanen en de Sorben, om mar in tal te neamen.

En oer de jierren wurdt harren lûd hieltiten dúdliker en mear fernommen.

 

Moeting Yntergroep yn it Europeeske Parlemint

Yn it ramt fan it 60-jierrich bestean fan de fuen, dy’t doedestiids troch Friezen(!) en Bretons oprjochte wurden is, waard it kongres dit jier yn Brussel holden, yn de wike fan de Europeeske Dei fan de Talen.

Eins fansels stie ek in besite oan it Europeeske Parlemint op it programma. Der wie in rûnlieding taret – fan de tribune ôf folgen wy in gearsit fan it Parlemint – en dêrnei hiene wy in gearkomste mei de saneamde Yntergroep fan it Parlemint. De Yntergroep is in cross party forum fan it Europeeske Parlemint foar fraachstikken oangeande minderheden en hat in pear kear yn it jier yn Strasbourg yn in saneamd Dialooch Forum oerlis mei keazen fertsjintwurdigers fan de fuen. It Dialooch Forum is in platfoarm foar direkt en lykweardich petear tusken de fuen en de Yntergroep, mei it doel de saak fan minderheden tichterby it Europeeske Parlemint te bringen. Ien fan dy fertsjintwurdigers fan de fuen yn it Dialooch Forum is ús foarsitter fan de Ried, Jabik van der Bij.

 

 

De Hongaar Csaba Tabajdi wie oant no ta foarsitter fan de Yntergroep en is okkerdeis, nei de ferkiezings foar it Parlemint, opfolge troch syn lânsgenoate Kinga Gál. Yn de gearkomste fan dizze dei joech er ús mei fjoer en faasje yn wurden en gebearten in oersjoch fan syn befinings yn de ôfrûne jierren en in tal konklúzjes:

·      It roait igge noch seame dat Eurokommissaris Orban it net as syn taak sjocht om Slowakije oan te sprekken op it repressive karakter fan har taalpolityk foar de 600.000 Hongaren yn it lân oer, en dat wylst de nije lidsteaten har ferplichte hawwe om de betingsten foar it lidmaatskip nei te kommen (Tabajdi hat de foargeande jierren likegoed de finger op it sear lein fan it probleem fan de saneamde ‘dûbele standerts’: guon âlde lidsteaten hâlde har ek net oan de betingsten en easkje soks wol fan nije lidsteaten). Tabajdi tinkt dat it Ferdrach fan Lissabon in nij begjin wurde kin

·      De eu hat gjin direkt en effektyf beskermingssysteem foar minderheden; dat soe Tabajdi oer fiif jier graach oars sjen. Der moat in folle direkter ôfstimming komme mei jurisdyske ynstellings lykas dy fan de Ried fan Europa

·      Mei de wikseling fan de wacht sûnt de Parlemintsferkiezings binne der in soad kompetinte eksperts op it mêd fan minderheden út it Parlemint ferdwûn. De opbou fan nije saakkundigens sil in soad tiid kostje

·      Sûnder in foarm fan autonomy, oerien te kommen mei steatsoerheden, is foar minderheden gjin duorsume takomst mooglik

·      Opkomme foar de taal is fansels wichtich, mar de ekonomyske sitewaasje, al liket soks banaal, is net minder krusiaal: by jildpine komt yntegraasje gauris del op assimilaasje

 

By dizze moeting mei de Yntergroep wiene ek oare Parlemintsleden oanwêzich. In Dútsk parlemintslid ferklearre dat mearderheden sûnder minderheden ‘schlimm dran sind’ en neamde de Friezen as earste! De Hongaar dy’t foar Roemenië in sit yn it Parlemint hat, seit dat in Eurokommissaris foar Minderheden der net yn sit – de fuen soe dat graach wolle, of op syn minst in swierder oanpart fan de saak fan minderheden yn de portefeuille fan de Eurokommissaris foar Meartaligens – en is fan miening dat der in Eurokommissaris foar Fûnamintele Rjochten komme moat dy’t soks ek op syn/har noed nimt.

 

Grûnrjocht op Politike Partisipaasje

De fuen hat yn it Kongres fan 2006 yn Budisyn/Bautzen in Hânfest oannommen om it selsbegryp fan de lidorganisaasjes as Europeeske minderheden fêst te lizzen en de fûnamintele prinsipes en rjochten op in rige te setten, as in basis foar it petear op regionaal, lanlik en Europeesk nivo oer rjochten en winsken fan minderheden. Want it giet neffens de minister-president fan de Deutschsprachige Gemeinschaft yn België, Karl-Heinz Lambertz, net allinne om beskerming, mar ek om ûntjouwing fan minderheden. En yn de wurden fan Gerhard Stahl, de Sikretaris-Generaal fan de Europeeske Kommisje fan de Regio’s yn Brussel: “De fuen praat net oér minderheden, mar lit se oan it wurd komme.”

Sûnt 2006 binne as ferfolch op dit fuen-Hânfest Grûnrjochten op it mêd fan Underwiis (2007) en Media (2008) útwurke. Dit jier waard it Grûnrjocht op Politike Partisipaasje oannommen. Sa’n partisipaasje is derop rjochte om de minderheden in fol- en lykweardich plak te jaan, mar net minder om in ynklusive, frije en harmonieuze maatskippy fan mearderheden en minderheden stal te jaan.

By de diskusje oer it konsept-Grûnrjocht hawwe wy in tal saken ynbrocht, bygelyks by de paragraaf oer de partisipaasje yn monitoring processes by de úfiering fan Europeeske Hânfesten. Wy hawwe in útstel ynbrocht fan ús kommisje, de ykk, om de fuen ek funsjonearje te litten as in platfoarm foar de útwikseling en it besprek fan konklúzjes út de rapporten fan it Komitee fan Eksperts fan de Ried fan Europa oer it Hânfest foar Regionale en Minderheidstalen yn Europa. Soks soe tenei in part wêze kinne fan de wurklist fan de fuen-kongressen sels. It bestjoer fan de fuen hat it opnommen as in konstruktyf foarstel, dat wy binne benijd en folgje it fierdere ferrin.

 

Netwurk RML2future

Dit jier is op inisjatyf fan de fuen it Netwurk RML2future oprjochte, mei it doel om meartaligens te befoarderjen en it ferskaat oan talen yn Europa te hoedzjen en noedzjen troch de minderheids- en regionale talen (Minority and Regional Languages) dêr aktyf yn te belûken. It Netwurk wurdt betelle troch it Lifelong Learning Programme fan de Europeeske Kommisje en troch de Autonome Regio Trentino-Südtirol en rint troch oant ein 2011. De fuen is haadpartner en de Europaïsche Akademie yn Bozen (Súd-Tirol) is de koördinearjende organisaasje. Partners binne fierders de Dútsktalige Mienskip yn België, it Ferbân fan Deenske Folkshegeskoallen, de Ried fan Karintiërs yn Slovenië en de yen (Youth of European Nationalities). It Netwurk annalisearret yn guon útsochte gebieten hoe’t dêr de taaloerdracht plakfynt en ferspriedt dêrnei de konklúzjes ûnder de fuen-lidorganisaasjes.

De presintaasje op it Kongres yn Brussel waard mei fersoarge troch Hester Knol, dy’t ek foarsitter is fan de yen en in stevich oanpart yn de útwurking fan it nije projekt hat. Sy naam mei Judith Walde fan de Sorben in kwis ûnder de kongresgongers ôf en de 1e priis wie in eksimplaar fan ús meartalich spul Euregua! It spul gie mei nei Roemenië yn de koffer fan de ôffurdige fan de Aroemenen, dy’t de priis wûn. Op it Europaspulboerd kinne hy en syn minsken thús yn alle gefallen sjen dat de Aroemenen op de kaart steane!

 

Gearkomste fan ôffurdigen

Oan de ein fan elk kongres wurdt in Delegiertenversammlung, in ledegearkomste, holden. Dêr wurde belied en foarnimmens fan it fuen-bestjoer en moasjes fan lidorganisaasjes bepraat en dêr’t it oan de oarder is wurdt stimd. Mei de Noard-Friezen sieten wy net allinne yn ien rychje foaroan, mar wiene wy ek ienriedich. De ôffurdiging fan de Deenske minderheid yn Dútslân – alle jierren mei in oanhang machtich as de miggen op it kongres – achte it wol symboalysk: neffens harren sieten wy dêr as in dyk foar de see en mocht in trochbraak driigje, dan soene sy ús wol rêchdekking jaan!

Dy opstelling wie gjin tafal mar troch de Noard-Friezen regele, want as earste wie in brief oan ’e oarder steld fan de ykk út namme fan de Ried oer de proseduere fan de moasje-behanneling. Oanlieding wie de behanneling fan in konsept-moasje fan de Bretonske delegaasje op it kongres yn Pécs (2008). Dy wie rjochte tsjin it feit dat yn ’e oarloch it kollaboraasjerezjym-Pétain op oanstean fan de Dútske besetter in grut stik fan de bestjoersienheid Bretagne ôfskuord hat en dat nei de oarloch it regear fan it ‘frije Frankryk’ dat sa litten hat. It fuen-bestjoer woe lykwols dat konsept sa net yn stimming bringe mar hat de Bretonske ôffurdige yn in petear foarôf twongen om de skerpe kanten derôf te heljen. Yn syn brief stelt de ykk: in demokratyske proseduere easket dat de ledegearkomste net allinne oer de foarleine tekst stimt, mar – as de yntsjinners sels in dêrfan ôfwikende tekst hawwe –ek oer de fraach hokker fan beide teksten foar stimming foarlein wurde sil. Dat mei net in saak wêze dêr’t it bestjoer op eigen manneboet oer beslist.

It bestjoer hat it earnstich opnommen: wy waarden by it ynkommen fuortdaliks troch de foarsitter oansprutsen. It bestjoer hie twa ferdigeningsarguminten: 1) de fuen behannelet prinsipieel gjin grinskwestjes en 2) it is prosedureel te beswierlik: oer alle tekstkorreksjes soe stimd wurde moatte.

It earste is in skynargumint: it giet net oer steatsgrinzen mar oer ynlânske bestjoersdistrikten. Dat wie lykwols net ús saak; dêr hiene de Bretons op ynspringe moatten, dan hiene wy feriene yn de saak trochsette kind. Mar de Bretonske ôffurdige ûntskuldige him: hy wie deawarch. Sa bleau foar ús it abstrakte proseduere-argumint oer en dy diskusje drige fuort op hottefyljen út te draaien (wannear al en wannear net), net nijsgjirrich foar de gearkomste. It bestjoer woe neat tasizze en der is net in dúdlik beslút fallen. Mar de kwestje is foargoed yn it omtinken brocht; wy kinne der altyd op weromkomme.

 

Frysk faai yn Risem Schölje/Risum Skole

Op de kuiertocht fan it hotel nei it Europeeske Parlemint hat Jörgen Jensen Hahn, goekunde op foarige kongressen, foarsitter fan de Noardfryske Friisk Foriining en ôffurdige nei it kongres, ús de sitewaasje fan Risem Schölje (Noardfrysk) /Risum Skole (Deensk) yn Noard-Fryslân út de doeken dien.

Jörgen is direkteur fan dy skoalle, in trijetalige Dútsk-Deensk-Fryske basisskoalle. De skoalle stiet ûnder it bestjoer fan de Dänische Schulverein, dy’t as in organisaasje fan de Deenske minderheid yn Dútslân subsidiearre wurdt troch Denemarken. Dat bestjoer wol langer oan it Frysk yn skoalle gjin jild mear besteegje! Al binne der ek Denen dy’t der oars oer tinke, de sitewaasje is sa’t er is: it plak fan it Frysk yn Risum Skole stiet faai! De skoalle is ek neffens it Rapport fan it Komitee fan Eksperts fan de Ried fan Europa (2006) de iennichste basisskoalle yn Noard-Fryslân dêr’t it Frysk ek yn oare lessen ynstruksjetaal is en net alline as fak jûn wurdt! Ek dêr soe dan in ein oan komme!

Jörgen en de oare bestjoersleden fan de Friisk Foriining stekke sels de hannen út de mouwen yn it oerlis mei it regear fan Schleswig-Holstein, mei de Deenske konsul en sels mei it Deenske Ministearje fan Underwiis yn Kopenhagen. Lykwolswol er graach de stipe fan de Ried fan de Fryske Beweging krije om te besjen oft der ek út Fryslân wei in foarm fan omtinken komme kin. Dat hat er op it kongres ek mei Jabik van der Bij sels bepraat en hy sil troch ús as kontaktpersoanen de Ried neiere ynformaasje tastjoere, sadat de saak goed te bepraten is en besjoen wurde kin wat mooglik is.

Presintaasje EUREGUA

Yn it gebou fan it Europeeske Parlemint hiene wy in útstalling ynrjochte mei PowerPointpresintaasje fan ús projekt Euregua. Wy wiene net de iennichsten fansels dy’t omrinken foar it eigen wurk fregen, mar der wie in soad belangstelling. As ‘sûvenir’ binne in stikmannich pompeblêdkaartsjes yn de bûsen fan kongresgongers bedarre. It heitelân komt sa fier om utens!

Reaksjes op de presintaasje:

·      De Sorben fregen ús: “Warum haben wír (Sorben) damals eigentlich nicht mitgemacht?” Sy wolle yn in fierder trajekt wol meidwaan (seit de foarsitter fan de Sorben, mar dat sil dan earst wol goed op in rychje moatte, wol it net by goeie bedoelings bliuwe)

·      De Rhaeto-Romanen hawwe in spul kocht en wolle it ek foar it eigen gebiet ûntwikkelje en fierders oan in Europeesk trajekt meidwaan. Sy hawwe oan ús en Jabik van der Bij alfêst de fraach foarlein hoe’t it foar in eigen spul mei de kosten sit fan de rjochten dy’t wy op Euregua hawwe. 

·      De Dútsktalige minderheid yn Ruslân is gjin minderheid sûnder kin state en past dus net yn ús konsept, mar dy wol ús kommisje, de ykk, graach as advyseurs hawwe om in eigen spul te ûntwikkeljen.

·      De Aroemenen út Masedoanië op it kongres hawwe in Europaboerd mei nei hûs ta krige. Sy hawwe in pear jier lyn yn in publikaasje foar eigen folk omtinken oan ús projekt jûn, doe’t noch lang net wis wie dat it ek slagje soe! Ien fan ús Aroemeenske kongresfreonen hat in sit krige yn it Parlemint fan Masedoanië en stiet by de Universiteit fan Skopje op in learstoel foar it Aroemeensk oan.

Al mei al, it koe minder.

 

Wy kinne weromsjen op in tige fariearre en yntinsyf kongres, dêr’t de ‘saaklike’ kontakten foarop stiene, mar dêr’t lykwols de moeting mei âlde en nije kunde op himsels al wichtich wie – en soks is der foar it petear en oerlis oer de ynhâld sels net minder om.

 

 

 

Comments (0)
Write comment
Your Contact Details:
Comment:
Security
Please input the anti-spam code that you can read in the image.
 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.