logo

Thursday 11th of March 2010

‘Ynsprutsen’ in sukses PDF Print E-mail

Ynsprutsen_logoOp ‘t ynternet binne hjoed de dei ferskillende ‘voice-overs’ te finen. Dat binne ynsprutsen filmkes mei faak in bêste lading humor. Sa is it kompjûterspul ‘Grand Theft Auto – San Adreas’ ynsprutsen yn it Frysk, en de personaazjes fan de Thunderbirds prate no ek Frysk.

Koartlyn is de webside www.ynsprutsen.nl online gien. De inisjatyfnimmers Douwe-Jan Rozema en Jorn Idzerda begûnen yn 2008 mei it ynsprekken fan in stikje út de televyzjesearje ‘The A-Team’. It earste filmke krige de titel ‘Fryske A-Team – Nei de Mac’. ”It idee foar Ynsprutsen kaam by it sjen nei oare ynsprutsen filmkes op ‘t ynternet, mar dy wienen net yn it Frysk en der waard net folle oan de ôfwurking dien.” It earste filmke fan Douwe-Jan en Jorn hie aardich wat hits, en dat motivearre om in stapke fierder te gean mei langere filmkes en noch mear lûdseffekten.

Nei it twadde filmke foel it op dat minsken de filmkes net maklik fine koenen. Yn ferskillende webside-statistiken, lykas op YouTube, wie te sjen dat minsken op allegear ferskillende manieren sochten nei de ynsprutsen filmkes. ”De namme Ynsprutsen is der kaam nei it meitsjen fan ‘Douwe de Kabouter’, om it sykjen wat makliker te meitsjen. Mei dy namme hawwe wy ek ien YouTube-kanaal foar alle filmkes makke.”

De filmkes ferskynden ek op oare websiden. Lykas op in Nederlânske nijsside dy’t de filmkes nijsgjirrich fûn en benammen it idee wurdearje koe.

No binne alle filmkes te finen op www.ynsprutsen.nl. Dat is no noch in portaal foar de filmkes, mar sil letter noch fierder útwreide wurde mei fergeze ringtones fan lûdsfragminten, en mear ynteraksje mei de besikers. Dêrneist is Ynsprutsen aktyf op YouTube, Froeks.tv en Hyves.

De filmkes fan Ynsprutsen binne no al sa’n 10.000 kear besjoen.

Comments (0)
Write comment
Your Contact Details:
Comment:
Security
Please input the anti-spam code that you can read in the image.
 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.