|

It krystkongres is in twa dagen duorjend evenemint organisearre troch FFJ Bernlef en WSSFS út Wageningen. Dit jier wurdt it op moandei 28 en tiisdei 29 desimber holden. Op de earste dei wurdsto om 10:30 oere ferwachte op it gemeentehûs yn Frjentsjer. De boargemaster fan Frjentsjer sil ús hjir ferwolkomje wylst wy ûndertusken genietsje fan in bakje kofje en in plakje kake. Neidat wy útorearre binne mei de boargemaster sille wy ôfsette foar in hearlik miel yn de âldste studintekroech fan Nederlân, de Bogt fen Guné.
Om in oer as 13:30 sil dan it sympoasium fan start gean. It tema fan it sympoasium is “De leechrin fan Fryslân”. De hear A. v/d Ploeg, loko-boargemaster fan de gemeente Dantumadiel en wethâlder mei wenjen yn ‘e portefeuille, sil prate oer de gefolgen fan dy leechrin. Dernei sil de hear B. Goudkuil regiomanager Noard en East fan USG Innotiv út Enschede in ferhaal fertelle oer hoe’t it stiet mei it ferkrijen fan jonge heech oplate minsken yn Fryslân. Nei it skoft sil frou M. Brouwer fan it Martenahûs út Frjentsjer fertelle oer hoe’t it der eartiids oan ta gie op de Fryske universiteit. Fragen lyk as wêrom wie it sa suksesfol en wêrom is er úteinlik sletten, sille ûnder dy lêzing mei plaatsjes en filmkes beäntwurde wurde. As lêste sil de hear S. Akkerman, haad fan de ôfdieling Kultuer, Taal & Underwiis fan de Provinsje Fryslân delkomme om te sprekken oer de UCF oftewol de University Campus Fryslân, de Fryske universiteit. Sil dat in oplossing wêze foar de leechrin? Nei dizze sprekkers sil der romte wêze foar in lytse diskusje oan de hân fan stellingen.
De jûns stiet in fantastyske band op it programma foar in machtich moai feestje yn de Bogt mei de kabaretkriich, de frikandellekriich en fansels de bierkriich! De dei wurdt ôfsletten yn Hotel de Terp yn Frjentsjer dêr’t oernachte wurde sil. Dit is gjin hotel mar in sportseal. Nim dus in luchtbêd en sliepsek mei en meitsje net deselde flater as Jouke.
De twadde dei wurdt de jierlikse ledegearkomste fan de Federaasje holden. Nei dy gearkomste wurdt in kultureel útstapke yn Frjentsjer makke. As dat der op sit sille wy ferwolkomme wurde troch nimmen minder as Gurbe Douwstra! Hy sil syn bekende nûmers spylje ûnder it genot fan in bierke by it matinee. De dei sil om 18:00 hinne oere ôfsletten wurde. Wy hoopje jimme allegear te sjen, dus skriuw jimme sa rap mooglik yn. Klik op mear ynformaasje foar it folsleine program. De krystkongreskommisje 2009 Program Krystkongres 2009 Moandei 28 desimber 2009 (dei 1) 10:30 Untfangst gemeentehûs Frjentsjer 11:00 Tocht troch Frjentsjer mei it bestjoer fan de Federaasje fan Fryske studinteferienings 11:30 Oankomst yn de Bogt fen Guné, Frjentsjer 12:00 Middeismiel Sympoasium 13:30 Start sympoasium en earste sprekker Sprekker: A. v/d Ploeg, loko-boargemaster en wethâlder mei wenjen yn ‘e portefeuille fan de gemeente Dantumadiel. Underwerp: de hear van der Ploeg sil dit sympoasium útein sette mei in yntroduksje fan it probleem en tagelyk tema fan it sympoasium: “De leechrin fan Fryslân”. Hy sil antwurden jaan op fragen lyk as wat hâld it probleem konkreet yn en wat docht de gemeente hjiroan. Tiid: 45 min ynklusyf fragen en wiksel fan sprekker. 14:15 Start twadde sprekker Sprekker: B. Goudkuil, Regio Manager Noard en East fan USG Innotiv. Underwerp: de hear Goudkuil sil fertelle oer de beskikberheid fan heech opliede studinten yn it Noarden fan Nederlân en harren wol om foar it wurk Fryslân te ferlitten. Derneist sil fertelt wurde oer it no deiske festigingsklimaat foar technyske bedriuwen yn Fryslân. Tiid: 45 min ynklusyf fragen en wiksel fan sprekker. 15:00 Start sprekker FFU (Feriening Frysk Underwiis) Underwerp: Sy sille koart útein sette wat sy binne en dogge. 15:05 Skoft 15:30 Start tredde sprekker Sprekker: M. Brouwer, dosint “Vroegmoderne Geschiedenis” oan de RuG en derneist konservator by Museum Martena yn Frjentsjer. Underwerp: frou Brouwer sil fertelle oer de universiteit dy’t fan 1885 oant 1811 yn Frjentsjer stie. Sy sil ús hjirby ynformearje oer hoe de universiteit ta stân brocht is, werom it sa’n grut sukses wie en úteinlik ôfslúte mei de reden werom der ophâlde moast. Kinne wy hjir miskien iets fan leare? De titel is “De Franeker universiteit: calvinistisch baken voor ’suypende’ loskoppen”. Tiid: 60 min. ynklusyf fragen en wiksel 16:30 Start fjirde sprekker Sprekker: S. Akkerman, haad ôfdieling Taal, Kultuer en Underwiis fan de provinsje Fryslân. Underwerp: De hear Akkerman sil ús byprate oer de stân fan saken oangeande de UCF (University Campus Fryslân). Kinne wy mei dizze universiteit de leechrin keare? 17:15 Debat Debat oan de hân fan stellings, mocht der noch animo foar wêze. 17:30 ein sympoasium
Jûnsprogram 17:30 – 18:30 pykoere 18:30 Ite 20:30 Pubkriich 22:00 Start band Yn de rin fan de jûn: Delkriich en Bierkriich 03:00 ôfslúte yn hotel de Terp Tiisdei 29 desimber 2009 (dei 2) 11:00 – 12:00 Ite 12:00 – 13:30 Swimme 13:30 – 14:30 Federaasje Lede Gearkomste (FLG) 15:00 – 18:00 Troubadour 18:00 Ofslúte
|