logo

Thursday 11th of March 2010

Hindrik van der Meer kriget de Fryske Anjer PDF Print E-mail

Freedtemiddei hat Hindrik van der Meer fan Goiïngea yn de Grutte of Jacobiner Tsjerke de Fryske Anjer opspjelde krigen troch de Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân, John Jorritsma. De Anjer is in ûnderskieding dy’t útrikt wurdt troch it Prins Bernhard Kultuerfûns. De priis wurdt jierliks útbrocht oan in persoan of ynstelling dy’t him/har tige fertsjinstlik makket of makke hat foar de Fryske kultuer of natuer yn de meast brede betsjutting. Njonken de sulveren spjelde sit der in jildbedrach oan fêst fan € 2.500. Hindrik van der Meer wol dit jild besteechje oan in hiemside dêr't syn wurk op werom te finen is.

Hindrik van der Meer kriget de priis foar al syn krewearjen as muzykpedagooch en bodder foar de Fryske taal en kultuer. Nei har ôfstudearjen oan de Kweekskoalle fan Snits binne Hindrik en Beitske van der Meer oan it begjin fan de sechstiger jierren ferhuze nei Nij Guinea om ûnderwiis te jaan oan de bern dêr. Wat hja tige frjemd fûnen wie dat de bern op skoalle les krigen yn it Hollânsk. In bytsje ferlykber mei de Fryske situaasje yn deselde snuorje. De eigen taal wie net yn tel. Doe’t se nei oardel jier werom moasten nei Nederlân krige Hindrik in baan oan de Mulo fan Harns. Hjir begûn hy ek mei syn stúdzje muzyk oan de MPA yn Ljouwert en letter oan it conservatoarium yn Grins. Yn 1969 waard hy foar in pear lesoeren muzyk beneamd oan de Kweekskoalle fan Snits. Doe’t syn foargonger Teule mei pensjoen gie kaam hy hielendal oan de Kweek fan Snits.

 

Yn de jierrren dy’t folgen hat Hindrik van der Meer in protte út ‘e wei setten mei syn studinten. Der waarden musikals útfierd foar bern, lykas Omke Roel, en muzykfeesten mei it Frysk Orkest yn de sporthal. Ûnderwilens makke Hindrik de ferskes by de skoalradioprogramma’s dy’t letter printe binne yn “Kwek, kwek, mine myn” en “Hup sûpengroattenbrij”. Syn ferskes waarden yn de tachtiger jierren rûnom songen yn de provinsje. It hichtepunt wie lykwols de musikal “Joazef, masterdreamer” fan Andrew Lloyd Webber yn in treflike oersetting fan Pytjan Sikkema. In grut spektakel dêr’t de skoalle en Hindrik har hast oan fertilden mar dêr’t de hiele provinsje moannen oer neiprate doe’t it yn alle grutte teaters yn Fryslân opfierd wie. Noch jierren dêrnei wiene de skitterjende meldijen yn it Frysk op de radio te hearren.

Yn de tachtiger jierren  moast it heger ûnderwiis fusearje. Yn Snits hiene se de bui al lang hingjen sjoen en wisten se dat der in protte ferlern gean soe foar de Fryske kultuer as de Snitser skoalle slute moast. Spitigernôch is dat ek sa útkaam. Foar it Fryske muzykûnderwiis oan de ûnderwizersopliedings wiene de santiger en tachtiger jierren hichtepunten, dy’t net wer berikt binne. Hindrik van der Meer krige by de fúzjes de kâns om earder op te hâlden mei it wurk. Foar him en Beitske betsjutte dat in nije útdaging: mear tiid foar it Gysbert Japixshûs, literêre busreizen troch Fryslân en net te ferjitten muzyk skriuwe en útfiere foar de Fryske earetsjinsten mei it Kwartettekoar. Foar al dy aktiviteiten fertsjinne Hindrik van der Meer de Fryske Anjer. Net allinne omdat hy syn fertsjinsten hie foar de muzyk mar benammen omdat dy ynbêde is yn in filosofy fan mienkipsbelibbing en muzyk meitsjen. By de útrikking freed ferwiisde Hindrik dêr noch eefkes nei: elts minske is unyk, elts hat syn talinten. Ek Kees Kikkert koe meidwaan, “ek al klonk syn stim wat nuver”.

It wie in middei dy’t fansels fol muzyk siet. Foar de oanwêzigen hoecht Hindrik van der Meer it stokje der noch net by del te lizzen.

Comments (0)
Write comment
Your Contact Details:
Comment:
Security
Please input the anti-spam code that you can read in the image.
 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.