logo

Thursday 11th of March 2010

Klachteformulier PDF Print E-mail
Written by Administrator   
Sneon, 15 Augustus 2009 20:31

Jo kinne dit klachteformulier brûke as jo diskriminearre binne fanwege de Fryske taal. De Ried fan de Fryske Beweging hat ôfspraken makke mei it Konsultatyf Orgaan en Tûmba oer de ôfhanneling fan klachten oer taaldiskriminaasje (www.tumba.nl). Tûmba is in organisaasje dy’t him bot ynset tsjin útsluting en diskriminaasje. Tûmba befoarderet wrâldboargerskip en likense behanneling.


Jo kinne dit klachteformulier ynfolje en nei de Ried fan de Fryske Beweging stjoere.  De Ried soarget dat it by Tûmba komt sadat Tûmba de klacht yn behanneling nimme kin, as jo dat wolle. Tûmba nimt, yn oerlis mei jo,  kontakt op mei de ynstânsje, ûndernimming of persoan dy’t diskriminearret. As dy net foar reden fetber is, wurdt de klacht trochstjoerd nei de Nasjonale Ombudsman, dy’t in advys jout of in útspraak docht. 


De Fryske Beweging sil jo altyd mei ried en died bystean.
  

(Frysk, Ingelsk en Hollânsk is wolkom)

Last Updated on Moandei, 04 Jannewaris 2010 15:46
 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.