logo

Thursday 11th of March 2010

Euregua PDF Print E-mail
Written by Administrator   
Sneon, 15 Augustus 2009 21:06

Wat is it selskipspul Euregua?


It spul hâldt wat it midden tusken in guozzeboerd en triviant. Der sitte in pear steapels kaartsjes yn mei fragen oer de Fryslannen.  Fryslannen omdat der in aparte steapel is foar Sealterlân sa'n 50 km foarby Nijeskâns dêr't noch altyd rûchwei 2000 minsken (sealter) Frysk prate. Datselde jildt foar NoardFryslân dat tsjin de Deenske grins oan leit. Dêr binne noch 10.000 (Noard) Fryskpraters wurdt der sein.

Der sitte yn de doaze ek fragen yn it Bildts, Stellingwarfs en Hylpers. De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, geakunde en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde Europa en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten yn Europa net fergetten. In doaze kostet € 32,50. Dat kin sa goedkeap omdat it net in kommersjeel produkt is, makke troch frijwilligers en mei stipe fan de Ried, de provinsje, de Douwe Kalmastichting en de Boersma-Ademastichting. De adressen dêr't it te krijen is steane hjirûnder. In doaze kostet € 32,50. Graach earst eefkes belje as jo ien ophelje. Om de hege ferstjoerkosten kinne de doazen net ferstjoerd wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje http://www.euregua.com/index.html

 

Hjirûnder in pear kaartsjes.

 


Op ûndersteande adressen is it  selskipspul EUREGUA! te keap.

 

Adressen Selskipspul

 

 Plak

 Namme

 Adres

 tillefoan

1

Riis

Douwe Abma

Smitsleane 7

0514-572259

2

Ljouwert

Renze Valk

Hempenserweg 8

058-2883259

3

Twellegea

Jaap van der Bij

Lytse Súdein 55

0515-559597

4

Boarnburgum

Geeske Krol

Skeane Wei 29

0512-516897

5

Stiens

Gryt Elsinga

Canterstins 6

058-2572650

6

Frjentsjer

Wiebe Lageveen

Albrondalaan 8

0517-397865

7

Aldeberkeap

Skrieversronte

Willinge Prinsstraat 10

0516-451108

8

Feanwâlden

Riemersma

De Eiken 71

0511-472332

9

Ljouwert

Klaske Sraatsma

Bleekhof 55

058-2667458

10

Itens

Tom Dykstra

Hearedyk 9

0515-331868

11

Grou 

 Jan Breimer

 It Skûtsje 27

0566-624631

12

Grou

P.W. Deelstra

Stasjonswei 40

0566-621504

13

De Jouwer

Meindert Tjerkstra

Stjoerboerd 118

0513-850656

14

Warkum

Meindert Tjerkstra

          "Wurk"     

0513-850656

15

Bitgummole

Bertus Postma

It Bosklan 15

058-2532780

16

St Anne

F. de Jong-Krap, 

Ouwe-Dyk 487

0518-400081


Sjoch foar mear ynformaasje http://www.euregua.com/index.html


EUREGUA FERANTWURDING EN DOEL! 


Ferskaat oan kultueren en talen

Europa hat in grut ferskaat oan kultueren en talen. Gjin inkeld lân yn deEuropeeske Uny (EU) is ientalich en in soad lannen binne meartalich.It is in Europeesk mienskiplik belang om dy kulturele rykdom yn stân te hâldenen te fersterkjen. Soks kin tagelyk bydrage oan begryp en respekt foar inoarskultueren en talen en dêrmei de ûnderlinge ferdraachsumens befoarderje.Dat jildt yn it bysûnder foar de regionale talen sûnder kin state. Foar dy talenbestiet der gjin steat, meast in buorlân (kin state) dêr’t dy taal net in regionaletaal, mar krekt de steatstaal is. It Frysk is sa’n regionale taal sûnder kin state. 


Hoe en wat fan EUREGUA!

De Ynternasjonale KontakteKommisje (YKK) fan de Ried fan de FryskeBeweging hat it inisjatyf nommen om in selskipsspul oer dy regionaletalen sûnder kin state te ûntwikkeljen en út te bringen, mei as haaddoel itlêzen en brûken fan de regionale taal en kennis oer oare regionale talen tebefoarderjen.It ynternasjonale aspekt fan it selskipsspul beheint him no noch ta it Frysk yn(Westerlauwersk) Fryslân en it Noardfrysk en Sealterfrysk yn Dútsklân. It joutal spyljend in soad nijsgjirrige ynformaasje oer dy gebieten. Der binne fragenoer skiednis, taal, natoer, sport en spul, muzyk, festivals, ensfh. By de fragenoer Fryslân sitte ek fragen oer de Stellingwerven, It Bilt en Hylpen.Foar Westerlauwersk Fryslân hat de YKK in eigen spulboerd en foargebrûk troch elkenien is ek in Europaspulboerd ûntwikkele. Fan it eigenFryslân-spulboerd kin oerstapt wurde nei it Europa-spulboerd of oarsom.Mei de kar foar in Europa-spulboerd mei dêrop de regionale talen sûnder kinstate en in set fragen yn de eigen regionale taal oer de Ried fan Europa, deEuropeeske Mienskip en Europa yn it algemien wol dit spul dêroan bydrage. 


Wêrom keazen foar de foarm fan in selskipsspul en foar wa?

By in spul as EUREGUA! kin men thús, op skoalle of yn ferieningsferbânkennis diele en ferspriede en dat mei sin en wille der op ta. It selskipsspulis rjochte op it mienskiplik learen as in groepsaktiviteit. It echte learen isommers foaral in ynteraktyf proses.In edukatyf selskipsspul mei fleur en kriich by it spyljen is in gaadlikekombinaasje fan ynformaasje en rekreaasje. It kin nijsgjirrich meitsje enútnoegje ta inisjatyf om mear oan de weet te kommen.EUREGUA!-spilers kinne dan krekt as de âlde Grykse filosoof en útfinerArchimedes sizze: EUREKA!- Ik ha it fûn! No wit ik it! 

 

 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.