logo

Thursday 11th of March 2010

Fryske reklamepriis PDF Print E-mail
Written by Administrator   

Doel

Doel fan dizze jierlikse priisútrikking is om bedriuwen en ek reklameburo’s te stimulearjen hieltyd mear it Frysk en/of Fryske streektalen te brûken yn reklameboadskippen op radio en tillevyzje yn ús provinsje. Yn de organisearjende reklamepriiskommisje binne as partisipanten op dit stuit  Omrop Fryslân, Ljouwert  en Waterstad FM, Snits fertsjintwurdige neist fertsjintwurdigers fan de Ried fan de  Fryske Beweging,de Freonen fan Omrop Fryslân en it bedriuwslibben.

De Fryske Reklamepriis is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging en de Freonen fan Omrop Fryslân út 1992 doe’t op de Frysktalige stjoerder de reklameboadskippen hast allegear yn it Hollânsk ferskynden.

Prizen

By de priisútrikking fan de Fryske reklameprizen krije de beide opdrachtjouwers in weardecheque (radio €4000,-en tillevyzje €2500) en in replika fan it byld fan Grutte Pier. It reklameburo dat de spot makke hat krijt ek in byldsje, mar no in lytsere útjefte.

Wêrom in lytse replika fan it byld fan Grutte Pier?

It stiennen byld fan Grutte Pier stiet yn Kimswert oan de haadstrjitte en is in 2 meter heech. It is makke troch byldhouwer Anne Woudwyk út Drachten.

It byld hat in útstrieling fan swier, grut, sterk en ûnfersetlik.

Grutte Pier is as frijheidsstrider in symboal fan eigen (Fryske) identiteit.

It is mei de Fryske Reklamepriis ek in kwestje fan folhâlden foar Frysktalige reklameboadskippen yn Fryslân foar in grutte oermacht fan Hollânsktalige spots oer. Troch it Hollânsk te brûken rint de Fryske taalmienskip it risiko de eigen (taal)identiteit te ferliezen

Stipe fan de provinsje Fryslân

Benammen troch de subsydzje fan de provinsjeFryslân (taalbefoardering) is it foar de kommisje mooglik de priis ‘gewicht ‘te jaan. It brûken fan it Frysk yn reklameboadskippen soe hiel fanselssprekkend wêze moatte, mar dit is net it gefal. Dêrfandinne dat de winnende opdrachtjouwer fan in spot ‘finansjeel foardiel’ (ekonomysk argumint neist de ear de priis te krijen) krijt troch de priis te winnen. In beleanning foar it feit it Frysk te brûken. De publisiteit, dy’t mei de útrikking anneks is, hat as doel om oare bedriuwen oan te trunen dit foarbyld te folgjen.

Seleksje priiswinners

In ûnôfhinklike sjuery fan saakkundigen kiest sawol foar radio as tillevyzje fjouwer foar de priis nominearre spots út en op de útrikking wurdt ien dêrfan as winner oanwiisd. Op de útrikking binne de nominearre  spots te hearren en/of te sjen.

De priiswinners 2009 wienen: foar radio de kommersjal foar it Frysk Festival en foar tillevyzje “Bit “ yn opdracht fan  Agri Retail.

 

Plak fan útrikken

Yn 2009  de priis foar de tolfte  kear útrikt yn it gebou fan Tresoar te Ljouwert.

 

 

 

 

 

 

 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.