logo

Thursday 11th of March 2010

De fear PDF Print E-mail
Written by Administrator   
Sneon, 15 Augustus 2009 21:02

De Ried fan de Fryske Beweging, jout de fear oan persoanen of organisaasjes

dy’t him/ har ynset foar:

  • it behâld fan de Fryske taal en kultuer;
  • it stimulearjen fan goede sosjale en ekonomyske ûntwikkelingen yn Fryslân, mei yn it bysûnder omtinken foar it plattelân;
  • it befoarderjen fan it aktyf  dielnimmen fan de jongerein oan it kultureel en maatskiplik libben yn Fryslân;

hat in priis ynsteld, neamd De Fear yn’e Broek, dy’t útrikt wurde sil oan persoanen en ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik makke hawwe op it mêd dêr’t de Ried fan de Fryske Beweging him foar ynset. De Ried fan de Fryske Beweging hat merkbiten dat


De Ried fan de Fryske Beweging is fan miening:

  • dat de Fryske taal hjirmei oanhâldend yn gebrûk en ûnder de oandacht fan in protte lju brocht wurdt;
  • dat dêrmei in stimulâns jûn wurdt oan in wichtige doelstelling fan de Ried fan de Fryske Beweging;
  • dat dêrmei in foarbyld jûn wurdt oan oaren yn Fryslân en is dêrom ta it beslút kommen om oan:

     

De Fear yn’e Broek út te rikken.

 plak, .... jannewaris 200....

 Jabik van der Bij, foarsitter    /    Renze W. Valk, skriuwer

 

Wa krigen De Fear…?

1996

 

Wio Joustra, dy’t him as redakteur fan de Volkskrant geregeld posityf yn dy krante utere oer saken yn en oangeande Fryslân.

 

1997

 

 

Cor Jousma, dy’t mei sukses krewearre hat om by de PTT en de NS it brûken fan de offisjele Fryske plaknammen te brûken, en
Wybren Couperus, hie in Frysktalich beropsskrift nei de Belestingstsjinst stjoerd, dat wegere waard. Mar dochs hat er it foarinoar krigen foar de rjochtbank en by de Hege Ried dat it akseptearre wurde moast.

 

1998

 

Tineke Netelenbos, steatsekretaris fan Underwiis, dy’t , hoewol se sels net safolle romte joech, it ûnderwiisfjild yn Fryslân oprôp om net te ôfwachtsjend te wêzen en sels it lesjaan yn it Frysk better oan te pakken.

 

1999 

 

 

Oebele Brouwer, Offisier fan Justysje yn Ljouwert, dy’t ferskate dingen dien hat om it Frysk yn de rjochtbank te befoarderjen en mear in gewoan saak te meitsjen, en
Cees Bangma, polysjesjef fan Mid-Fryslân, dy’t yn deselde tiid it brûken fan it Frysk yn syn korps stimulearre.

 

2000 

 

Arno Brok, wethâlder fan Ljouwert, dy’t der foar soarge dat it Frysk by de gemeente Ljouwert mear brûkt wurdt, it kolleezje fan B&W fryske les krigen en Ljouwerrt mear as haadstêd fan Fryslân beskôge wurdt.

 

2001

 

Paul Herre, Friedhofstrasse 17, Seelterlound/Sealterlân, dy’t yn dizze lytse enklave mei dieden – bgl. altyd in Fryske flagge út hawwe en jongfolk ûnderdak biede foar Fryske gearkomsten -  blike litten hat, dat it Sealtersk behâlden wurde moat.  

 

2002 

 

De Broekster Boys, de fuotbalklub út Broeksterwâld, dy’t de striid mei de KNSB oangie en fuort gjin belies joech om harren yn de korrepondinsje mei dat bûn fan it Frysk te uterjen. 

 

2003 

 

Bernlef, it studinteselskip út Grins, dat neidat in Nederlanske film oer De Kameleon net yn it Frysk útkomme koe, op ludike wize in Fryske film makke hat  “De Kameleon sjocht yn it waar” 

 

2004 

 

Bertus Postma, dy’t ferskate gemeentebestjoeren mei in soad sukses bewurke om de wetters yn harren gemeenten in Fryske namme te jaan en dy’t dêrmei ek befoardere hat dat der in kaart fan Fryslân mei Fryske wetternammen útkomme koe.  

 

2005

 

 

Gertjan Verbeek, dy’t as trener fan SC Heerenveen de tradysje fan syn foargonger fuortset en goed gefoel toant foar de eigen identiteit fan dy klub. Hy besiket him de Fryske taal goed oan te learen en safolle mooglik te brûken. Hy jout dêrmei in foarbyld oan oaren.

 

2006

 

 

Stichting Aaipop, dy’t al fan 1987 ôf alle jierren (útsein 2001) in popfestival organisearre hat, dat útgroeid is ta in grut mesykbarren foar frysktalige selskippen; dy’t sûnt 1994 oan begjinnende bands in opstapke biedt om fierder te gean en dy’t yn 2005 úteinset is mei “Hark”, in festival mei harklietsjes yn it Frysk of in streektaal.

 

2007

 

 

Frivius energie dat him as in goed-Frysk bedriuw profilearret, stiet jo foar de tillefoan yn it Frysk te wurd; beandert dejinge dy’t yn it Frysk skriuwt, ek yn it Frysk; de reklame is yn it Frysk en op syn webside kinne jo kieze tusken it Frysk en it Nederlânsk. Harren leuze is: Frivius energie, Enerzjy op syn Frysk.

 

 2008

 Yn 2008 binne der twa Fearren útrikt:

Danijel Dizdarevic is as asylsiker út Bosnije yn Fryslân kaam. It slagge him om by in femylje yn Ryptsjerk ûnderdak te krijen en dêr krige hy dochs wat om hannen. De femylje prate Frysk en Danijel soarge derfoar dat hy dat ek sa gau mooglik prate. Der kaam gauris in man by dy femylje dy’t Ljouwerters prate en dat makke Danijel him ek rillegau eigen. Hy koe dus earder Frysk en Ljouwerters as Nederlânsk.


Rick Steur
foel as net Frysktalige fan hûs út  al rillegau op hoe’t hy him it Frysk goed eigen makke. Net allinne dat hy it Frysk goed behearsket, mar ek syn ynsetten foar it Frysk is in skaaimerk fan him. As ynspekteur hat hy der foar krewearre dat der bettere regelingen foar it Frysk kamen. Mei troch it ynspeksjerapport fan syn hân is der in fersterking fan it plak fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis ta stân kaam.

Nei syn komst by CVO Zuidwest Fryslân is der op de skoallen fan de stifting in taalbelied fan ‘e grûn kaam dêr’t it Frysk ek folslein syn gerak yn kriget.

2009

Berne – Iepenloftspul Easterwierrum.Fanwege de kwaliteit en it entoesjasme dêr’t it altyd wer mei bart levert  it Berne – Iepenloftspul leveret al jierren in wichtige bydrage oan it behâld en ûntwikkeljen fan de Fryske taal en kultuer. De Ried fynt dat it in foarbyld is foar ferlykbere aktiviteiten op dat mêd op oare plakken yn Fryslân. It aktyf fan jongs ôf oan belûken fan bern by de Fryske taal en kultuer en de útstrieling dy’t dat hat fertsjinnet grutte wurdearring. Dêrom hat de Ried fan de Fryske Beweging besletten om yn 2009  de Fear ta te kennen oan it Berne – Iepenloftspul fan Easterwierrum.

 

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.