logo

Thursday 11th of March 2010

Lêste nijs fan de Fryske Beweging
17e Friesen-droapen op Hilgelân (Helgoland) 2010 PDF Print E-mail

Programma 28-30 maaie (tink der om: it is mooglik dat it programma op ûnderdielen noch feroaret)

Freed 28 maaie:

Moarns betiid  Mei de bus út Ljouwert (fierders ek opstappe yn Drachten en Grins)

10.30 oere      Mei de boat fan Cuxhaven nei Hilgelân

± 13.00            Oankomst Hilgelân

14.00               It hisen fan de flagen op de kade en offisjele ûntfangst troch

boargemaster Frank Botter

15.00               Mediawurkwinkel û.l.f. Claas Riecken (allinne foar dyjinge, dy’t har dêrfoar opjouwe) 

Rest fan de middei en jûn nei eigen ynsjoch te besteegjen*

Klik hjir..
 
Meartaligens begjint al foar berte PDF Print E-mail
 

Bern út twatalige mienskippen rjochtsje har fuort by de berte al op it learen fan twa talen. Yn ientalige kultueren is dat net it gefal. Dat seit de Kanadeeske taalkundige Janet Werker. Har ûndersyksteam is derachter kaam dat bern entûsjast wurde as se talen hearre dy’t har mem prate doe’t se swier wie. Prate de mem mar ien taal, dan wienen oare talen it bern likefolle. Prate de mem geregeld twa talen, dan waard it bern fan beide talen entûsjast.

“Bern harkje it leafst nei wat harren bekend foarkomt,” seit frou Werker yn in ynterview mei de Kanadeeske krante The Globe and Mail. Har ûndersyk lit ek sjen dat lytse poppen twa talen dy’t se foar de berte heard ha al útinoar hâlde kinne.

It ûndersyk is dien troch twa groepen lytse poppen te ferlykjen. De iene groep hie in ientalich Ingelske mem, de oare groep hie memmen dy’t Ingelsk en de Fillipynske taal Tagalog prate. It entûsjasme fan de bern waard metten troch in mjitapparaatsje yn ‘e sobber. As de bern entûsjast reagearren, begûnen se hurder te sobjen.

 
Histoaryske trochbraak of deade mosk? PDF Print E-mail

grondwetFreed 12 febrewaris hat de ministerried it beslút nommen om it Nederlânsk yn de grûnwet op te nimmen. (As se Nederlânsk sizze bedoele se it Hollânsk.) Soks is neffens it kabinet nedich omdat der hieltyd mear oare (benammen allochtoane) talen de posysje en de kwaliteit fan it Hollânsk bedriigje. Boppedat biedt de maatregel in ‘waarborg’ dat je oeral yn Nederlân mei it Hollânsk terjochte kinne. Tagelyk kin it as in stôk efter de doar brûkt wurde om immigranten te twingen Hollânsk te learen en dêryn in eksamen ôf te lizzen as se it Nederlânsk boargerskip hawwe wolle. Ut de parseferklearring is op te meitsjen dat der ek plak is foar it Frysk yn de grûnwet. Yn dy ferklearring stiet: ‘de bepaling in de Grondwet over de Friese taal waarborgt de wettelijke positie die het Fries nu al heeft’. Foar deputearre Jannewietske de Vries wie dat in reden om te sprekken fan in histoaryske trochbraak. Earste keamerlid Geart Benedictus, dy’t as steatelid him bot ynsetten hat om it Frysk yn de grûnwet te krijen, hat de flagge útstutsen, sei er foar Omrop Fryslân.

Klik hjir..
 
Fryslân House giet goed PDF Print E-mail

FrijheidNei de iepening mei de Friesland Day yn septimber 2009 hat it Fryslân House yn New York al 17 dielnimmende bedriuwen.

It Fryslân House is in gearkomste- en kantoare-akkommodaasje foar Fryske bedriuwen op lokaasje. It is in plak om te wurkjen en gear te kommen mei bygelyks potintsjele klanten, sûnder dat dy in lange reis nei Fryslân meitsje moatte.

De lokaasje yn New York hat de neikommende dielnimmers: Agro Alliantie, Axtra Voorzetapparatuur BV, Business Development Friesland, Campuslan B.V., Advies- en ingenieursbureau DHV, Expeditie Leeuwarden, Fryslân Marketing, Hawar IT, Hielke Dijkstra trainer, consultant, coach, Lift marketing communicatie bv, OAK Onix Achterbosch Kunstwerken, Parc Estate Recreatie Makelaars, Snakeware, SONNEMA VodkaHERB, Vripack, Workcity en haadsponsor is de Friesland Bank.

Boarne:  Fryslân Ferbynt

 
De Willewike 2010 PDF Print E-mail

willewike

De Willewike wurdt yn ’e maaiefakânsje holden op de Folkshegeskoalle yn Hoarne (Skylge). Bern/learlingen krije moarns yn in ûntspannen sfear Fryske les (materiaal fan Cedin/AFÛK). Middeis en jûns is der in rekreaasjeprogramma (bygelyks in muzykmiddei, in middei strân/bosk, in middei winkeljen Midslân, in middei keatsen, in bûnte jûn, in speurtocht, in ekskurzje mei de rêdingsboat en safolle mooglik bûtenaktiviteiten).

De bern/learlingen skriuwe in selsskreaune Fryske kaart nei hûs en hâlde in Frysk deiboek by mei alle aventoeren. Fierder wurde de minsken thús op de hichte hâlden fan de aktiviteiten troch in online fideodeiboek dat alle jûnen op dit webstek te besjen wêze sil. Dit jier sil it kamp wer yn twa groepen opdield wurde. Op dy wize kinne der ynstee fan 15 dit jier 30 bern mei.

Om mear bekendheid te jaan oan de willewike is de rinpromotoer holden. Twa frijwilligers fan de Willewike hawwe by23 skoallen lâns west om in poster op te hingjen en struibriefkes efter te litten. De earste fjouwer bern hawwe har al opjûn nei oanlieding fan de promotoer.

Sjoch foar mear ynformaasje op www.willewike.nl

De redaksje fan it nijs stimulearret de willewike. Dêrom hawwe wy fergees de banner fan de willewike op ús side pleatst. De banner komt ek op de side www.goedfrysk.nl, www.fryskebeweging.nl en op www.koraalorkesthymne.nl te stean.

 
Ynterfryske kalinder 2010 PDF Print E-mail

De folgjende moetings steane kommend jier op priemmen:

 

Snein - 24 jan. betinking fan de Slach by Hartwarden ''Rodenkirchen'',  15 km. westlik fan Bremerhaven
3-6 febr.Boeremoetingyn Westerl. Fryslân ynformaasje Fryske Rie
freed 19 febr.Edufrysk yn Ostrhauderfehnyn Sealterlân (sjoch Friesisch Forum)
Snein - 21 febBiikebrennen
Tiisdei 25 maaie

jierlikse Upstalbeam gearkomste

om 18.00, 8 km. súdwestlik fan Auwerk
28,29 en 30 maaieYnterfrysk wykein op 't Hilgelânopjaan by de Fryske Rie
Ein julyYnterfrysk simmerkampjongereinkamp yn it Sealterlân
25 septimber Slach by Warns betinking om 13.45 oere op it Reaklif

 

Klik hjir..
 
Ôfskied Gryt Elsinga PDF Print E-mail

It is al wer in skoftke lyn dat Gryt Elsinga ôfskied nommen hat fan de Ried fan de Fryske Beweging. Se hat jierrenlang in soad wurk foar de Ried fersetten.

Hjirby wolle wy har noch ien kear tige tankje.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Klik hjir..
 
Brief fan it Konsultatyf Orgaan PDF Print E-mail

It Konsultatyf Orgaan hat nei oanlieding fan de opmerking fan minister Plasterk oer de taalkar by Omrop Fryslân in brief oan de minister skreaun. Der is al in pear kear nei it brief frege. De Ried hat dêrom frege om it brief en dizze tastjoerd krigen fan it KO om him op de hiemside te setten.

Hjir is er dan:

Klik hjir..
 
FUEN-kongres 2009 yn Brussel PDF Print E-mail

Ut namme fan de Ried fan de Fryske Beweging namen Jaap Rinzema en Willem Riemersma ein septimber diel oan it jierlikse kongres fan de Federal Union of European Nationalities (fuen).

 

Jaap Rinzema en Willem Riemersma

 

Gearstalling en doelen FUEN

By de fuen is in grut tal organisaasjes fan minderheden yn Europa oansletten. De fuen hat benammen as doel om yn it kontakt mei steatsoerheden en mei ynstellings fan de Europeeske Uny en de Ried fan Europa de belangen en posysje fan de minderheden te tsjinjen en fuort te sterkjen.

Fan de fuen meitsje de saneamde nasjonale minderheden (bygelyks de Denen yn Dútslân en krekt oarsom) it grutste part út, mar ek de saneamde taalminderheden sûnder kin state (in oare steat dêr’t dy taal de steatstaal is), blaze in partij mei. By dy groep hearre ek de Westerlauwerske Friezen en de Noard-Friezen, de Bretons, de Kasjûben, de Rhaeto-Romanen en de Sorben, om mar in tal te neamen.

En oer de jierren wurdt harren lûd hieltiten dúdliker en mear fernommen.

 

Moeting Yntergroep yn it Europeeske Parlemint

Yn it ramt fan it 60-jierrich bestean fan de fuen, dy’t doedestiids troch Friezen(!) en Bretons oprjochte wurden is, waard it kongres dit jier yn Brussel holden, yn de wike fan de Europeeske Dei fan de Talen.

Eins fansels stie ek in besite oan it Europeeske Parlemint op it programma. Der wie in rûnlieding taret – fan de tribune ôf folgen wy in gearsit fan it Parlemint – en dêrnei hiene wy in gearkomste mei de saneamde Yntergroep fan it Parlemint. De Yntergroep is in cross party forum fan it Europeeske Parlemint foar fraachstikken oangeande minderheden en hat in pear kear yn it jier yn Strasbourg yn in saneamd Dialooch Forum oerlis mei keazen fertsjintwurdigers fan de fuen. It Dialooch Forum is in platfoarm foar direkt en lykweardich petear tusken de fuen en de Yntergroep, mei it doel de saak fan minderheden tichterby it Europeeske Parlemint te bringen. Ien fan dy fertsjintwurdigers fan de fuen yn it Dialooch Forum is ús foarsitter fan de Ried, Jabik van der Bij.

Klik hjir..
 
Swingel 25 PDF Print E-mail

Swingel nûmer 25 is út. Yn dizze Swingel ûnder oare: Ta de neitins oan Tony Feitsma, Diskusjestik oer taken foar de Ried, Plattelânsfroulju en it Frysk ensafh.

icon Swingel 25.pdf (1.42 MB)

 
Brosjuere Europeesk hânfêst foar regionale of minderheidstalen PDF Print E-mail

Hjir del te laden. In gearfetting fan it Europeesk hânfêst foar regionale minderheidstalen.

icon Brosjuere Europeesk hânfêst foar regionale of minderheidstalen.pdf (980.21 KB)

 
Fryslân is gjin Hollân PDF Print E-mail

Yn oktober ha inkele Earste-Keamerleden fragen steld oan steatssekretaris Bijleveld oer de namme Nederlân yn in tal East-Europeeske talen yn it Nederlânske paspoart. De fragen fan de keamerleden en it antwurd fan de steatssekretaris steane fierderop.

De Ried fan de Fryske Beweging fynt dat it tiid wurdt in ein te meitsjen oan it brûken fan de namme Hollân dêr’t Nederlân bedoeld wurdt. It antwurd fan de steatssekretaris stelt de Ried net gerêst. Der ride al te folle frachtweinen om mei it opskrift “Drachten Holland”. De Ried hat mefrou Bijleveld dêrom in brief skreaun dêr’t hja yn oantrune wurdt om offisjeel radikaal ôfstân te nimmen fan it op dizze wize oantsjutten fan Nederlân. It brief is hjir ûnder ek opnommen.

Brief oan de steatssekretaris

Oan de steatssekretaris fan Ynlânske Saken

Mefrou drs. A.Th.B. Bijleveld-Schouten,

Postbus 20011, 
2500 EA Den Haach.

Ljouwert, 21 desimber 2009

Rju achte mefrou Bijleveld,

Klik hjir..
 
‘Ynsprutsen’ in sukses PDF Print E-mail

Ynsprutsen_logoOp ‘t ynternet binne hjoed de dei ferskillende ‘voice-overs’ te finen. Dat binne ynsprutsen filmkes mei faak in bêste lading humor. Sa is it kompjûterspul ‘Grand Theft Auto – San Adreas’ ynsprutsen yn it Frysk, en de personaazjes fan de Thunderbirds prate no ek Frysk.

Koartlyn is de webside www.ynsprutsen.nl online gien. De inisjatyfnimmers Douwe-Jan Rozema en Jorn Idzerda begûnen yn 2008 mei it ynsprekken fan in stikje út de televyzjesearje ‘The A-Team’. It earste filmke krige de titel ‘Fryske A-Team – Nei de Mac’. ”It idee foar Ynsprutsen kaam by it sjen nei oare ynsprutsen filmkes op ‘t ynternet, mar dy wienen net yn it Frysk en der waard net folle oan de ôfwurking dien.” It earste filmke fan Douwe-Jan en Jorn hie aardich wat hits, en dat motivearre om in stapke fierder te gean mei langere filmkes en noch mear lûdseffekten.

Nei it twadde filmke foel it op dat minsken de filmkes net maklik fine koenen. Yn ferskillende webside-statistiken, lykas op YouTube, wie te sjen dat minsken op allegear ferskillende manieren sochten nei de ynsprutsen filmkes. ”De namme Ynsprutsen is der kaam nei it meitsjen fan ‘Douwe de Kabouter’, om it sykjen wat makliker te meitsjen. Mei dy namme hawwe wy ek ien YouTube-kanaal foar alle filmkes makke.”

De filmkes ferskynden ek op oare websiden. Lykas op in Nederlânske nijsside dy’t de filmkes nijsgjirrich fûn en benammen it idee wurdearje koe.

No binne alle filmkes te finen op www.ynsprutsen.nl. Dat is no noch in portaal foar de filmkes, mar sil letter noch fierder útwreide wurde mei fergeze ringtones fan lûdsfragminten, en mear ynteraksje mei de besikers. Dêrneist is Ynsprutsen aktyf op YouTube, Froeks.tv en Hyves.

De filmkes fan Ynsprutsen binne no al sa’n 10.000 kear besjoen.

 
« StartPrev1234567FolgjendeEnd »

Page 1 of 7

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.