logo

Tuesday 09th of February 2010

Lêste nijs fan de Fryske Beweging
Ynterfryske kalinder 2010 PDF Print E-mail

De folgjende moetings steane kommend jier op priemmen:

 

Snein - 24 jan. betinking fan de Slach by Hartwarden ''Rodenkirchen'',  15 km. westlik fan Bremerhaven
3-6 febr.Boeremoetingyn Westerl. Fryslân ynformaasje Fryske Rie
freed 19 febr.Edufrysk yn Ostrhauderfehnyn Sealterlân (sjoch Friesisch Forum)
Snein - 21 febBiikebrennen
Tiisdei 25 maaie

jierlikse Upstalbeam gearkomste

om 18.00, 8 km. súdwestlik fan Auwerk
28,29 en 30 maaieYnterfrysk wykein op 't Hilgelânopjaan by de Fryske Rie
Ein julyYnterfrysk simmerkampjongereinkamp yn it Sealterlân
25 septimber Slach by Warns betinking om 13.45 oere op it Reaklif

 

Klik hjir..
 
Ôfskied Gryt Elsinga PDF Print E-mail

It is al wer in skoftke lyn dat Gryt Elsinga ôfskied nommen hat fan de Ried fan de Fryske Beweging. Se hat jierrenlang in soad wurk foar de Ried fersetten.

Hjirby wolle wy har noch ien kear tige tankje.

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Klik hjir..
 
Brief fan it Konsultatyf Orgaan PDF Print E-mail

It Konsultatyf Orgaan hat nei oanlieding fan de opmerking fan minister Plasterk oer de taalkar by Omrop Fryslân in brief oan de minister skreaun. Der is al in pear kear nei it brief frege. De Ried hat dêrom frege om it brief en dizze tastjoerd krigen fan it KO om him op de hiemside te setten.

Hjir is er dan:

Klik hjir..
 
FUEN-kongres 2009 yn Brussel PDF Print E-mail

Ut namme fan de Ried fan de Fryske Beweging namen Jaap Rinzema en Willem Riemersma ein septimber diel oan it jierlikse kongres fan de Federal Union of European Nationalities (fuen).

 

Jaap Rinzema en Willem Riemersma

 

Gearstalling en doelen FUEN

By de fuen is in grut tal organisaasjes fan minderheden yn Europa oansletten. De fuen hat benammen as doel om yn it kontakt mei steatsoerheden en mei ynstellings fan de Europeeske Uny en de Ried fan Europa de belangen en posysje fan de minderheden te tsjinjen en fuort te sterkjen.

Fan de fuen meitsje de saneamde nasjonale minderheden (bygelyks de Denen yn Dútslân en krekt oarsom) it grutste part út, mar ek de saneamde taalminderheden sûnder kin state (in oare steat dêr’t dy taal de steatstaal is), blaze in partij mei. By dy groep hearre ek de Westerlauwerske Friezen en de Noard-Friezen, de Bretons, de Kasjûben, de Rhaeto-Romanen en de Sorben, om mar in tal te neamen.

En oer de jierren wurdt harren lûd hieltiten dúdliker en mear fernommen.

 

Moeting Yntergroep yn it Europeeske Parlemint

Yn it ramt fan it 60-jierrich bestean fan de fuen, dy’t doedestiids troch Friezen(!) en Bretons oprjochte wurden is, waard it kongres dit jier yn Brussel holden, yn de wike fan de Europeeske Dei fan de Talen.

Eins fansels stie ek in besite oan it Europeeske Parlemint op it programma. Der wie in rûnlieding taret – fan de tribune ôf folgen wy in gearsit fan it Parlemint – en dêrnei hiene wy in gearkomste mei de saneamde Yntergroep fan it Parlemint. De Yntergroep is in cross party forum fan it Europeeske Parlemint foar fraachstikken oangeande minderheden en hat in pear kear yn it jier yn Strasbourg yn in saneamd Dialooch Forum oerlis mei keazen fertsjintwurdigers fan de fuen. It Dialooch Forum is in platfoarm foar direkt en lykweardich petear tusken de fuen en de Yntergroep, mei it doel de saak fan minderheden tichterby it Europeeske Parlemint te bringen. Ien fan dy fertsjintwurdigers fan de fuen yn it Dialooch Forum is ús foarsitter fan de Ried, Jabik van der Bij.

Klik hjir..
 
Swingel 25 PDF Print E-mail

Swingel nûmer 25 is út. Yn dizze Swingel ûnder oare: Ta de neitins oan Tony Feitsma, Diskusjestik oer taken foar de Ried, Plattelânsfroulju en it Frysk ensafh.

icon Swingel 25.pdf (1.42 MB)

 
Brosjuere Europeesk hânfêst foar regionale of minderheidstalen PDF Print E-mail

Hjir del te laden. In gearfetting fan it Europeesk hânfêst foar regionale minderheidstalen.

icon Brosjuere Europeesk hânfêst foar regionale of minderheidstalen.pdf (980.21 KB)

 
Fryslân is gjin Hollân PDF Print E-mail

Yn oktober ha inkele Earste-Keamerleden fragen steld oan steatssekretaris Bijleveld oer de namme Nederlân yn in tal East-Europeeske talen yn it Nederlânske paspoart. De fragen fan de keamerleden en it antwurd fan de steatssekretaris steane fierderop.

De Ried fan de Fryske Beweging fynt dat it tiid wurdt in ein te meitsjen oan it brûken fan de namme Hollân dêr’t Nederlân bedoeld wurdt. It antwurd fan de steatssekretaris stelt de Ried net gerêst. Der ride al te folle frachtweinen om mei it opskrift “Drachten Holland”. De Ried hat mefrou Bijleveld dêrom in brief skreaun dêr’t hja yn oantrune wurdt om offisjeel radikaal ôfstân te nimmen fan it op dizze wize oantsjutten fan Nederlân. It brief is hjir ûnder ek opnommen.

Brief oan de steatssekretaris

Oan de steatssekretaris fan Ynlânske Saken

Mefrou drs. A.Th.B. Bijleveld-Schouten,

Postbus 20011, 
2500 EA Den Haach.

Ljouwert, 21 desimber 2009

Rju achte mefrou Bijleveld,

Klik hjir..
 
‘Ynsprutsen’ in sukses PDF Print E-mail

Ynsprutsen_logoOp ‘t ynternet binne hjoed de dei ferskillende ‘voice-overs’ te finen. Dat binne ynsprutsen filmkes mei faak in bêste lading humor. Sa is it kompjûterspul ‘Grand Theft Auto – San Adreas’ ynsprutsen yn it Frysk, en de personaazjes fan de Thunderbirds prate no ek Frysk.

Koartlyn is de webside www.ynsprutsen.nl online gien. De inisjatyfnimmers Douwe-Jan Rozema en Jorn Idzerda begûnen yn 2008 mei it ynsprekken fan in stikje út de televyzjesearje ‘The A-Team’. It earste filmke krige de titel ‘Fryske A-Team – Nei de Mac’. ”It idee foar Ynsprutsen kaam by it sjen nei oare ynsprutsen filmkes op ‘t ynternet, mar dy wienen net yn it Frysk en der waard net folle oan de ôfwurking dien.” It earste filmke fan Douwe-Jan en Jorn hie aardich wat hits, en dat motivearre om in stapke fierder te gean mei langere filmkes en noch mear lûdseffekten.

Nei it twadde filmke foel it op dat minsken de filmkes net maklik fine koenen. Yn ferskillende webside-statistiken, lykas op YouTube, wie te sjen dat minsken op allegear ferskillende manieren sochten nei de ynsprutsen filmkes. ”De namme Ynsprutsen is der kaam nei it meitsjen fan ‘Douwe de Kabouter’, om it sykjen wat makliker te meitsjen. Mei dy namme hawwe wy ek ien YouTube-kanaal foar alle filmkes makke.”

De filmkes ferskynden ek op oare websiden. Lykas op in Nederlânske nijsside dy’t de filmkes nijsgjirrich fûn en benammen it idee wurdearje koe.

No binne alle filmkes te finen op www.ynsprutsen.nl. Dat is no noch in portaal foar de filmkes, mar sil letter noch fierder útwreide wurde mei fergeze ringtones fan lûdsfragminten, en mear ynteraksje mei de besikers. Dêrneist is Ynsprutsen aktyf op YouTube, Froeks.tv en Hyves.

De filmkes fan Ynsprutsen binne no al sa’n 10.000 kear besjoen.

 
‘Die Twa’ yn de top-40 PDF Print E-mail

Die TwaIt duo Die Twa sjocht hielendal gjin beheiningen yn it feit dat se allinnich mar yn it Frysk sjonge. Neffens de manlju wurket it sels yn harren foardiel. Wy krije in protte positive reaksjes. De twa manlju timmerje al in pear jier mei suskes oan de dyk as feestduo. De omslach nei eigen nûmers is twa jier lyn begûn. Yn in radiostudio belâne it duo mei harren debútsingel by platemaatskippij Diesel Joy Records. Dy hearden it ferske en joegen daliks in platekontrakt. De earste singel waard in beskieden hit yn de Singel top-100. Mar de lanlike DJ’s waarden no wol bekend mei Die Twa. De twadde singel ‘Famke fan myn dreamen’ hat foar de definitive trochbraak soarge. It nummer hat heech op de hitlisten stean.

Op dit momint stiet it nûmer Fûgels op nûmer 10 yn de tophûndert. Minsken binne wyld fan Die Twa en meie graach hearre nei de nûmers dy’t se sels skriuwe en meitsje.

Boarne: www.itnijs.nl

 
Krystkongres 2009 PDF Print E-mail

It krystkongres is in twa dagen duorjend evenemint organisearre troch FFJ Bernlef en WSSFS út Wageningen.


Dit jier wurdt it op moandei 28 en tiisdei 29 desimber holden. Op de earste dei wurdsto om 10:30 oere ferwachte op it gemeentehûs yn Frjentsjer. De boargemaster fan Frjentsjer sil ús hjir ferwolkomje wylst wy ûndertusken genietsje fan in bakje kofje en in plakje kake. Neidat wy útorearre binne mei de boargemaster sille wy ôfsette foar in hearlik miel yn de âldste studintekroech fan Nederlân, de Bogt fen Guné.

Klik hjir..
 
Joadske Lieders yn Nije Testamint PDF Print E-mail

It Ferbân fan Fryske Foargongers is in unyk trefpunt foar dûmnys, tsjerklik wurkers en oare gemeenteleden dy’t foargean meie yn Frysktalige tsjinsten of dy’t yn it Frysk in tsjerklik ûnderwerp ynliede wolle. Foargongers kinne lid wurde en oare minsken gastlid, wylst geregeld ek losse gasten meidogge.

Yn ús earstfolgjende gearkomste op woansdei 17 febrewaris 2010 sil dûmny Piet Meinema fan Balk foar ús in preek hâlde. Syn tekst is: Lukas 18 de fersen 9 oant en mei 14. Syn téma is: “Joadske lieders yn it Nije Testamint”.
Nei syn preek kinne alle oanwêzigen har fisy jaan op de ynhâld en it taalgebrûk dêrfan, neidat de earste kritikus de foarset jûn hat. Dat is dûmny Hedzer Boersma fan Nijhoarne.

Datum: woansdei 17 febrewaris 2010.
Tiid: fan 9.30 oant 12 oere.
Plak: Kuriostsjerke oan de Julianaleane te Ljouwert.

Nei it skoft is der in leske yn Frysk taalidioom fan ds Bernard Smilde fan Ljouwert. Ek mei elk in stelling ponearje oer de Tsjerke of oer it Frysk, dy’t miskien letter ris útwurke wurde kin. Ta beslút mei elk oanjaan, hokker ynbring hy of hja yn de oare gearkomsten jaan wol yn ‘e foarm fan in referaat, in preek of in oare bydrage yn it Frysk.
Elk, dy’t niget oan sa’n besprek hat, is wolkom. In Lieteboek foar de Tsjerken meinimme.
Neiere ynformaasje is te krijen by ds. E. Jongstra fan Blije;
till. 0519-562732; epost: e.jongstra1@chello.nl

 
Jorritsma praat Frysk PDF Print E-mail
jorritsmaBy de útrikking fan de Fryske Anjer oan Hindrik van der Meer hat John Jorritsma syn taspraak yn it Frysk dien. Neffens de oanwêzigen gie him dat maklik ôf.  Oan de útspraak wie te hearen dat Jorritsma in Fryske eftergrûn hat. No’t it iis brutsen is sil er him faker yn it Frysk uterje moatte. Belofte makket skuld.
 
Hindrik van der Meer kriget de Fryske Anjer PDF Print E-mail

Freedtemiddei hat Hindrik van der Meer fan Goiïngea yn de Grutte of Jacobiner Tsjerke de Fryske Anjer opspjelde krigen troch de Kommissaris fan de Keninginne fan Fryslân, John Jorritsma. De Anjer is in ûnderskieding dy’t útrikt wurdt troch it Prins Bernhard Kultuerfûns. De priis wurdt jierliks útbrocht oan in persoan of ynstelling dy’t him/har tige fertsjinstlik makket of makke hat foar de Fryske kultuer of natuer yn de meast brede betsjutting. Njonken de sulveren spjelde sit der in jildbedrach oan fêst fan € 2.500. Hindrik van der Meer wol dit jild besteechje oan in hiemside dêr't syn wurk op werom te finen is.

Hindrik van der Meer kriget de priis foar al syn krewearjen as muzykpedagooch en bodder foar de Fryske taal en kultuer. Nei har ôfstudearjen oan de Kweekskoalle fan Snits binne Hindrik en Beitske van der Meer oan it begjin fan de sechstiger jierren ferhuze nei Nij Guinea om ûnderwiis te jaan oan de bern dêr. Wat hja tige frjemd fûnen wie dat de bern op skoalle les krigen yn it Hollânsk. In bytsje ferlykber mei de Fryske situaasje yn deselde snuorje. De eigen taal wie net yn tel. Doe’t se nei oardel jier werom moasten nei Nederlân krige Hindrik in baan oan de Mulo fan Harns. Hjir begûn hy ek mei syn stúdzje muzyk oan de MPA yn Ljouwert en letter oan it conservatoarium yn Grins. Yn 1969 waard hy foar in pear lesoeren muzyk beneamd oan de Kweekskoalle fan Snits. Doe’t syn foargonger Teule mei pensjoen gie kaam hy hielendal oan de Kweek fan Snits.

Klik hjir..
 
« StartPrev1234567FolgjendeEnd »

Page 1 of 7

Powered by Joomla!. Designed by: Free Joomla 1.5 Template, postgresql hosting. Valid XHTML and CSS.